Scouting Andromeda
Scouting Andromeda is in paadfinerijklub yn 'e Fryske stêd Frjentsjer, dêr't bern fan sân jier ôf lid fan wurde kinne. De feriening waard oprjochte yn novimber 1985, en beskikt oer in gebou mei in grut iepen terrein oan 'e Jan Stapertleane nûmer 12.
Scouting Andromeda | ||
algemiene ynformaasje | ||
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
type org. | feriening | |
wurkmêd | paadfinerij | |
fêstige yn | Frjentsjer (Fryslân) | |
oprjochte | 1985 | |
offisjele webside | ||
www.scouting-andromeda.nl |
Eltse freedtejûn en sneontemoarn komme de jonge paadfiners dêr gear foar ôfwikseljende aktiviteiten. Dêrby leare de bern boartsjenderwize alderhanne feardichheden. Grûnslach fan it hiele spul is gearwurkjen, bûtendoar wêzen en it oanfiterjen fan selsstannichheid. Behalven aktiviteiten yn Frjentsjer te organisearjen, giet de feriening út en troch ek mei de jonge leden op kamp yn it bûtenlân; sa hawwe se yn it ferline arlris nei Ingelân, Denemark, Sweden en Lúksemboarch west.
Under de Akademyske Dagen fan 2018 presintearre Scouting Andromeda him as organisaasje mei in troch de leden sels boude toubrêge oer de stedsgrêft by de roomske Sint-Fransiskustsjerke, oan 'e Godsikker.
Keppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
|