Sesiliatsjerke (Lekkum)
De Sesiliatsjerke (Ceciliakerk) of de Tsjerke fan Lekkum is de protestanske tsjerke fan Lekkum (gemeente Ljouwert). De tsjerke is in ryksmonumint.
Sesiliatsjerke | ||
Lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
provinsje | Fryslân | |
gemeente | Ljouwert | |
plak | Lekkum | |
adres | Tsjerkepaed 26 | |
koördinaten | 53° 130'N 5° 49'E | |
Tsjerklike gegevens | ||
tsjerkegenoatskip | PKN | |
patroanhillige | Sesilia fan Rome | |
Arsjitektuer | ||
boujier | 1778 | |
monumintale status | ryksmonumint | |
monumintnûmer | 24513 [1] | |
Webside | ||
Prot. tsjerke Lekkum | ||
Kaart | ||
Skiednis
bewurkje seksjeDe tsjerke waard yn 1778 boud en ferfong doe de âlde midsiuwske tsjerke dy't wijd wie oan Sint-Sesilia, de beskermhillige fan de musisi. De âlde sealtektoer waard oan it ein fan de 19e iuw ferfongen troch in nije toer mei spits. De preekstoel en de hearebank datearje út de bouperioade fan de tsjerke. Yn de flier fan de tsjerke lizze in tal grêfsarken en in midsiuwske sarkofaachdeksel fan Bremer sânstien.[2]
Sûnt 2015 wurde der njonken de wênstige protestanske tsjinsten op snein ek op alle earste saterdeis fan de moanne eucharistyfierings fan de Ald-katolike Tsjerke fierd.[3]
Klokken
bewurkje seksjeDe liedklokken fan de âlde toer bleaune bewarre. Se binne en 1512 en 1548 getten troch de bruorren Van Wou en soannen.[4]
Oargel
bewurkje seksjeIt oargel yn de Lekkumer tsjerke waard yn 1828 boud troch de Ljouwerter oargelbouwer Luitjen Jacob van Dam. Yn 1913 waarden inkelde registers ferfongen troch oare registers. By in restauraasje yn 1984 waard de disposysje fan it oargel troch Bakker & Timmenga yn de oarspronklike steat werom brocht.[5]
Ofbylden
bewurkje seksje-
Oargel
-
Oargelbyld kening David
-
Hearebank
-
Preekstoel
Keppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|