Shania Twain, skûlnamme fan Eilleen Regina Edwards, (Windsor, Ontario, Kanada, 28 augustus 1965) is in Kanadeesk countrysjongster en skriuwster. Waard bekend yn midden njoggentiger jierren mei har album The Woman in Me (1995), en krige wrâldwiid súkses yn 1997 mei Come On Over, dat op de list kaam mei best ferkeapjende froulike countrysjongster ea.

Shania Twain nimt in Juno Award yn ûntfangst, yn maart 2011.

Wûn fiif kear in Grammy Award winner, en makke namme as songwriter mei 27 prizen. Yn maaie 2011 krige hja in eigen rige Why Not? with Shania Twain en krige in stjer op de Hollywood Walk yn juny 2011.

Diskografy bewurkje seksje

Albums
Kompilaasjes

Boek bewurkje seksje

Yn 'e maitiid fan 2011 joech útjouwer Atria Books in biografy oer Twain út. Under oaren har drege jonkheid, har trochbrekken yn de myzykyndustry en de skieding fan har man wurde dêryn behannele.

Ferskaat bewurkje seksje

  • Op 12 novimber 2004 wie Twain yn Nederlân om de earste stien om te smiten by Domino Day.
  • De Groninger sjonger en trucksjauffeur Henk Wijngaard is in omke fan Shania Twain.[1]

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Henk Wijngaard: Shania Twain is mijn nichtje, 31 augustus 2016 RTV Noord