Sharon Alida Maria Dijksma (Heechtsjerk, 16 april 1971 is in Nederlânsk bestjoerder en politikus fan de PfdA. Sûnt 17 desimber 2020 is se boargemaster fan Utert. Dêrfoar wie se wethâlder fan Amsterdam (2018-2020), steatssekretaris fan Ynfrastruktuer en Miljeu (2015-2017), Ekonomyske Saken (2012-2015) en Underwiis, Kultuer en Wittenskip (2007-2010) en lid fan de Twadde Keamer fan de Steaten-Generaal (1994-2007, 2010-2010, 2017-2018).

Sharon Dijksma
Sharon Dijksma yn 2015
Sharon Dijksma yn 2015
Algemien
Folsleine namme Sharon Alida Maria Dijksma
Berne 16 april 1971
Berteplak Heechtsjerk
Funksje Boargemaster fan Utert
Sûnt 17 desimber 2020
Partij PfdA
Politike funksjes
1994-2007
2010-2012
2017-2018
Lid fan de Twadde Keamer
2007-2010 Steatssekretaris fan Underwiis, Kultuer en Wittenskip
2012-2015 Steatssekretaris fan Ekonomyske Saken
2015-2017 Steatssekretaris fan Ynfrastruktuer en Miljeu
2018-2020 Wethâlder fan Amsterdam
2020-no Boargemaster fan Utert
Steatssekrearis Dijksma yn de Twadde Keamer (2013)

Hja wie de foarsitter fan de Miljeu Rie fan de Jeropeeske Uny, dy't tegearre mei de fise-presidint fan de Jeropeeske Kommisje Maroš Šefčovič, it Akkoard fan Parys oangeande de klimaatferoaring op 21 april 2016 tekene yn New York út namme fan Jeropa.[1]

Hja helle har vwo-diploma op it Kamerlingh Onnes Kolleezje yn Grins. Dêrnei studearre se rjocht oan de Ryksuniversiteit Grins en bestjoerskunde oan de Universiteit Twinte, dochs makke beide stúdzjes net dien.

Sharon Dijksma sette har politike karriêre útein by de Jonge Sosjalisten dêr't se fan 1991 oant 1992 as algemien sekretaris yn it bestjoer siet en oant 1994 foarsitter fan wie. Yn 1994 waard se keazen as Twadde Keamerlid. Mei har âldens fan 23 jier wie se op dat stuit it jongste Keamerlid ea. Yn de Twadde Keamer wie se warber op it mêd fan ûnderwiis en sosjale saken. Fan 2003 ôf wie se wurdfierster fan ferkear en ûntwikkelingsgearwurking.

Fan 26 oktober 2004 wie se fisefraksjefoarsitter fan de PfdA yn de Twadde Keamer, as opfolchster fan Jeltje van Nieuwenhoven. Nei de útslach fan de ferkiezings fan it Jeropeesk Parlemint yn 2009, dêr't de PfdA fjouwer fan de sân sitten ferlear, joech Dijksma lieding oan in wurkgroep dy't dat ferlies ûndersykje moast. Hja utere in soad krityk op de kampanje dêr't neffens har sizzen alles tekoart oan die. Hja stelde foar om de listlûker tenei kieze te litten nei foarbyld fan de Amerikaanske foarferkiezings.

Op 22 febrewaris 2007 waard se steatssekretaris fan Underwiis yn it kabinet-Balkenende IV, dêr't se warber wie foar primêr ûnderwiis en berne-opfang. Hja trûnde oan op it ferbetterjen fan it taal- en rekkenûnderwiis yn it basisûnderwiis. Ek feroare se de Wet Berne-opfang dêr't der in nij stelsel foar gastâldenopfang kaam. De subsydzje foar thúsopfang waard skrast. Op 23 febrewaris 2007 seiden guon PfdA-leden it betrouwen yn it kabinet op en foel it kabinet.

Dijksma waard op 17 juny 2010 fannijs lid fan de Twadde Keamer. Op 17 jannewaris 2012 hold se tydlik op omreden kreamferlof. Op 8 maaie kaam se wer werom.

Op 26 april 2010 makke se bekend dat se harsels net wer ferkiesber foar de Twadde Keamerferkiezings 2012 stelle soe. Hja wie by har ôfskie op 20 septimber dat jiers doe de jongste nestor ea.

Har ôfskie duorre lykwols net lang. Op 18 desimber 2012 waard se steatssekretaris fan Ekonomyske Saken yn it kabinet-Rutte II as opfolger fan Co Verdaas dy't opstapte omreden in affêre oangeande deklaraasjes. Dijksma wie benammen dwaande mei lânbou, natoer en itenskwaliteit, dêr't se besocht de kleau tusken natoer en lânbou lytser te meitsjen. By belange-organisaasjes lykas de Dierebeskerming en ek by lânbou-organisaasjes waard der opmurken dat der ûnder Dijksma in oare wyn waaide.[2] Nei't Wilma Mansveld op 28 oktober 2015 opstapte as steatssekretaris fan Ynfrastruktuer en Miljeu, waard Dijksma op 3 novimber har opfolchster.

Foar de Twadde Keamerferkiezings 2017 stie se fjirde op de kandidatelist en waard se keazen foar in tredde perioade.

Op 30 maaie 2018 waard se wethâlder yn Amsterdam. Har portefúlje wie ferkear en wetter- en luchtkwaliteit. Dêrfoar ferhûze se mei har hûshâlding fan Ynskedee nei Amsterdam. Njonken wethâlder wie se ek foarsitter fan de Ferfierregio Amsterdam.

Op 10 novimber 2020 waard se troch de gemeenterie fan Utert foardroegen as boargemaster fan dy gemeente en op 17 desimber waard se dêrfoar beneamd. Yn har portefúlje hat se iepenbiere oarder en feiligens, hathavening, ombudssaken en boargersaken.

Sharon Dijksma is boaske en hat in soan en twa famkes. Yn de âldens fan 48 jier joech se berte oan har twadde famke.[3]

Underskieding

bewurkje seksje

Op 10 desimber 2010 waard se Ridder yn de Oarder fan Oranje-Nassau

Keppeling om utens

bewurkje seksje
  Commons: Sharon Dijksma – foto, fideo en harktriemmen

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: