Shelly Sterk
Shelly Sterk (folút: Shelly Maureen Sterk; De Haach, 30 april 1991) is in Nederlânsk presintatrise, kommentatrise en dokumintêremakster. Hja waard benammen bekend as kommentatrise by de rabbersrubryk RTL Boulevard op RTL4, en as presintatrise fan it wittenskipsprogramma Galileo op RTL5. Yn 2018 stapte se oer fan RTL Nederlân nei SBS Broadcasting, dêr't se presintatrise waard fan û.m. it programma Shownieuws.
Shelly Sterk | ||
tillefyzje- en/of radiopersoanlikheid | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Shelly Maureen Sterk | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 30 april 1991 | |
berteplak | De Haach (Súd-Hollân) | |
etnisiteit | Nederlânsk | |
wurkpaad | ||
wurksum as | presintatrise, kommentatrise, dokumintêremakster | |
medium | tillefyzje | |
wurksum by | RTL, SBS | |
bekend fan | RTL Boulevard | |
jierren aktyf | 2009 – no | |
offisjele webside | ||
www.shellysterk.nl |
Libben en karriêre
bewurkje seksjeJonkheid en oplieding
bewurkje seksjeSterk waard yn 1991 berne yn De Haach. Har mem wie skoaljuffer en har heit wurke by de KLM. Nei't se de middelbere skoalle trochrûn hie oan it Kristlyk Lyseum yn Delft, liet se har yn 2008 ynskriuwe oan 'e Skoalle foar Sjoernalistyk yn Utert. Dêr lei se har ta op tillefyzje, en yn 't bysûnder op it meitsjen fan dokumintêres. Fierders studearre se in skoft oan 'e Hunter College Film Academy yn New York, en teffens die se yn dy tiid har earste presintearûnderfining op.
Karriêre
bewurkje seksjeUnder har stúdzjetiid waard Sterk yn 2009 útornearre ta Raw Reporter troch it kleanmerk G-Star. Yn dy hoedanichheid kearde se werom nei New York om dêr ferslach te dwaan fan 'e New York Fashion Week. Nei't se har oplieding ôfrûne hie, wurke Sterk in skoftke by it parseburo ANP en wie se efter de skermen aktyf by de Wrâldomrop en de regionale Omrop West, dêr't se benammen produksje- en redaksjewurk die. Dêrnjonken rjochte se yn 2012 har eigen produksjestudio op ûnder de namme Sterk Media, wêrfoar't se sels alle items filme, regissearre en montearre. Yn 2014 wurke Sterk in moanne lang by de rjochtse omrop PowNed, dêr't se lykwols har draai net fine koe. Letter datselde jiers wie se in skoft yn 'e tsjinst by de opinywebside GeenStijl, dêr't se better op har plak wie, mar dy't, sa joech se letter yn in fraachpetear oan, neitiid sterk feroare en nei rjochts opskood is.
By it grutte publyk waard Sterk benammen bekend as kommentatrise yn 'e rabbersrubryk RTL Boulevard, op RTL4, in funksje dy't se fan 2016 oant 2017 ferfolle, en teffens mei it wittenskiplike tillefyzjeprogramma Galileo (2016-2017), op RTL5, en de webshow Roadtrippers, op StukTV. Fierders naam Sterk yn 2017 diel oan it realitytillefyzjeprogramma Expeditie Robinson. Yn 2018 stapte se oer fan RTL Nederlân nei SBS Broadcasting, om't der by RTL, sa lei se yn in fraachpetear út, in hiel soad presintatrises wiene dy't âlder wiene en mear ûnderfining hiene as sy, en dy't dêrom earder 'grutte programma's' krigen as sy. Sterk wie dêr net wrokkich oer, krektoarsom: se fûn it net mear as logysk, mar it wie foar har wol reden om har karriêrekânsen by in oare wurkjouwer te sykjen. Fan 2018 ôf wie se op SBS6 te sjen as presintatrise fan 'e programma's Shownieuws en Marktplaats: Heel Holland Handelt.
Ek yn 2018 waard Sterk troch it manljusblêd FHM útroppen ta moaste frou fan Nederlân. Dêrby tekene de redaksje fan it tydskrift oan: "Sterk is it bêste dat it 'ouwe-jongens-krentenbrood'-tillefyzjewrâldsje de ôfrûne tiid oerkomd is." Sterk har kommentaar wie: "Dat is fansels de grap fan 'e iuw! Hoe kin Doutzen Kroes no op nûmer 3 stean, en ik op 1? Dat is net reëel. As oft ik in potsje fuotbal wûn haw fan Messi."
Priveelibben
bewurkje seksjeShelly Sterk troude yn 2018 yn Itaalje mei Mark Ebing, mei wa't se har nei wenjen sette yn Skeveningen, op in kertierke rinnen fan it strân.
Keppelings om utens
bewurkje seksje- (ned) Offisjele webside fan Shelly Sterk
- (ned) Shelly Sterk op Twitter
- (ned) Shelly Sterk op Instagram
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|