Lionel Andrés Messi Cuccittini (Rosario, 24 juny 1987) is in Argentynsk-Spaansk[1] proffuotballer dy't meastentiids as rjochtsbûten spilet. Hy streamde yn 2004 troch út de jeugdoplieding fan FC Barcelona, dêr't er yn novimber 2017 syn kontrakt ferlingde oant healweis 2021. Messi debutearre yn 2005 yn it Argentynsk fuotbalalvetal. Fanwege syn lingte en faasje hat er de bynamme La Pulga (De Flie). Messi waard yn 2009, 2010, 2011, 2012, 2015, 2019, 2021 en 2023 útroppen ta bêste fuotballer fan 'e wrâld.

Dizze side moat noch by de tiid brocht wurde.
Jo wurde útnûge om dêr in begjin mei te meitsjen


Lionel Andrés Messi Cuccittini
Lionel Messi (2022)
Lionel Messi (2022)
persoanlike bysûnderheden
namme Lionel Andrés Messi Cuccittini
bynamme La Pulga (De Flie),
Leo,
Messias,
Messidona
nasjonaliteit Argentynsk,
Spaansk
bertedatum 24 juny 1987
berteplak Rosario
klupskiednis
posysje Oanfaller
jeugdteams
-1991-1994
1994-2000
Grandoli FC,
CA Newell's Old Boys
FC Barcelona
profesjonele feriening(s)
seizoen               klup                              wedstr.(goals)
2004-2021
2021-No
FC Barcelona,
Paris Saint-Germain FC
520(474)
39(13)
nasjonaal team
2005- Argentynje 172(98)
Messi foar Argentinië, juny 2018

Komôf bewurkje seksje

Lionel Messi is it tredde bern yn in famylje mei fjouwer bern. Syn heit Jorge Messi wurke as manager yn in stielfabryk en syn mem Celia Cuccittini yn in wurkpleats dêr't se magneten makken. Fia syn heit is er fan Italjaanske en Katalaanske komôf. Fia syn mem is er fral fan Italjaanske komôf. Ien fan de pakes fan Messi stammet fan it Katalaanske plak Bellcaire d'Urgell.[2]

Messi is fiere famylje fan syn eardere ploechgenoat Bojan Krkić.[3] Harren woartels lizze yn de provinsje Lleida. Yn 1846 troude Mariano Pérez Miralles mei Teresa Llobera Minguet, wêrnei't de bruorren Ramón en Gonçal yn El Poel berne waarden. Ramón Pérez luts nei Bellcaire d'Urgell, dêr't syn soan Josep berne waard. Josep Pérez emigrearre yn 1928 nei Argentynje, dêr't syn dochter Rosa Maria Pérez troude mei de Argentyn Eusebio Messi. Harren soan Jorge Horacio Messi waard yn 1987 de heit fan Lionel Messi. Ek Gonça Pérez gie út El Poal wei en gie yn Linyola wenjen. Yn dat plak waarden Maria Lluïsa Pérez en yn 1990 har soan Bojan berne.[4]

Klupfuotbal bewurkje seksje

Jeugd bewurkje seksje

Messi begûn op fiifjierrige leeftiid mei fuotbaljen by de buertklup Grandoli FC, dy't troch syn heit laat waard. Doe't er sân jier waard, mocht er him ynskriuwe by Newell's Old Boys en dêrnei by de cantera (jeugdoplieding) fan FC Barcelona. Yn it seizoen 2002/2003 foarme er mei ûnder oaren Cesc Fàbregas, Gerard Pique, Marc Valiente en Víctor Vázquez yn de Cadete A it Baby Dream Team. Fia Barça C en Barça B wurke Messi him op nei de haadseleksje.

Rekôrs by debút bewurkje seksje

Op 16 novimber 2003 debutearre Messi yn it earste alvetal fan FC Barcelona yn in oefenwedstriid tsjin FC Porto ta ynwijing fan it Estádio do Dragão. Yn de 74e minút kaam er as ferfanger fan Fernando Navarro it fjild yn. Mei in leeftiid fan 16 jier, 4 moannen en 23 dagen wie Messi nei Paulino Alcántara en Haruna Babangida de jongste debutant yn de skiednis fan de Katalaanske klup. Op 16 oktober 2004 spile Messi ûnder trainer Frank Rijkaard syn earste offisjele wedstriid foar Barça yn de útwedstriid tsjin stedsgenoat Espanyol. Hy wie doe de op twa nei jongste debutant foar Barcelona en de jongste spiler fan Barcelona dy't yn de Primera División spile. Tsjin Sjachtar Donetsk spile er syn earste wedstriid yn de Champions League. Syn earste goal kaam op 1 maaie yn de kompetysjewedstriid tsjin Albaceta. Op oanjaan fan Ronaldinho skoarde Messi as ynfaller de 2-0. Syn goal betsjutte in kluprekôr: de Argentyn wie mei syn leeftiid fan 17 jier, 10 moannen en 7 dagen de jongste Barça-spiler dy't in goal makke yn de Primera División. Messi ferbettere it âlde rekôr fan Jofre Mateu, dy't yn maaie 1998 as achttjinjierrige (en fjouwer moannen) skoarde tsjin UD Salamanca. Messi kaam op woansdei 5 novimber 2014 Raúl González Blanco benei as topskoarer aller tiden fan de Champions League. Hy makke dy dei foar FC Barcelona syn 70e en 71e Champions League-goal, út tsjin Ajax.

Messi sei oer syn eardere trainer Rijkaard: "Ik sil nea ferjitte dat hy myn karriêre úteinset hat, dat er my it betrouwen jûn hat, wylst ik mar sechstjin of santjin jier âld wie."

Seizoen 2005/2006 bewurkje seksje

 
Messi yn 2005

Op 16 septimber, foar de twadde kear yn trije moannen, makke Barcelona bekend dat se it kontrakt fan Messi iepenbrutsen. It waard bekend dat er betelle waard as in earste-alvetalspiler en hja ferlingden it kontrakt oant juny 2014. Messi krige de Spaanske nasjonaliteit op 26 septimber 2005 en krige dêrtroch einliks de mooglikheid om te debutearjen yn de kompetysje fan dat seizoen. Messi's earste thúswedstriid yn de Champions League fan dat jier wie op 27 septimber tsjin de Italjaanske klup Udinese.

Messi makke seis goals yn 17 wedstriden yn de kompetysje en skoarde ek ien kear yn de Champions League (yn seis wedstriden). Syn seizoen einige earder, op 7 maart 2006, doe't er lêst krige fan in spierskuorring yn syn rjochterbil yn de twadde helte fan in wedstriid tsjin Chelsea. It Barcelona fan Rijkaard waard dat seizoen de kampioen fan Spanje en fan Jeropa.

Seizoen 2006/2007 bewurkje seksje

Yn it seizoen 2006/2007 spile Messi himsels yn de basis fan Barcelona en makke er 14 goals yn 26 wedstriden. Op 12 novimber, yn de wedstriid tsjin Real Zaragoza, hie Messi lêst fan in brutsen middelfoetsbonkje, dy't him trije moannen oan de kant hold.Op 11 maart wie Messi yn topfoarm yn El Clásico, doe't er in hattrick skoarde, wêrmei't er Barcelona (dat mei in man minder spile nei in reade kaart) in lykspul besoarge (3-3). Hy makke trije kear de lykmakker en syn lêste goal foel yn blessueretiid. Dêrmei waard er de earste spiler sûnt Iván Zamorano (dy't yn 1994/1995 foar Real Madrid spile) dy't in hattrick skoarde yn El Clásico. Messi is ek de jongste spiler dy't yn in wedstriid tusken beide teams it net wist te finen. Tsjin de ein fan it seizoen slagge him dat hieltyd better: 11 fan syn 14 kompetysjegoals makke er yn de lêste 13 wedstriden.

Messi bewiisde ek dat de term 'de nije Maradona' net folslein ûnsin wie, doe't er de ferneamste goals fan Maradona hast presys imitearre yn ien seizoen. Op 18 april 2007 makke Messi twa goals yn de heale finale fan de Copa del Rey tsjin Getafe, wêrby't ien hiel bot tinken die oan de ferneamde goal fan Maradona tsjin Ingelân op it WK fan 1986 yn Mexico, dy't ferkeazen wie ta goal fan de iuw. De parse luts de ferliking fan Messi mei Maradona en neamde him 'Messidonna'. Hy rûn sa goed as deselde ôfstân (62 meter), passearre likefolle spilers (seis, de keeper meirekkene), skoarde út hast deselde posysje en rûn nei de cornerflagge, sa't Maradona dat 21 jier dêrfoar ek dien hie. Yn in parsekonferinsje nei de wedstriid fertelde Messi's ploechgenoat Deco dat dit de moaiste goal wie dy't er yn syn hiele libben sjoen hie. Messi makke tsjin Espanyol ek in goal dy't in soad tinken die oan Maradona's goal mei de 'hân fan God', yn deselde wedstriid tsjin Ingelân. Messi sprong nei de bal ta en makke mei syn hân kontakt mei de bal, wêrtroch't er de keeper (Carlos Kameni) passearre. Nettsjinsteande protesten fan Espanyolspilers, bleaun de goal stean.

Seizoen 2007/2008 bewurkje seksje

Op 27 febrewaris 2008 spile Messi tsji Valencia syn hûndertste offisjele wedstriid foar Barcelona.

Messi wie nominearre foar de FIFPro World XI Player Award yn de kategory oanfaller. Ut in peiling yn de ynternetedysje fan de Spaanske krante Marca die bliken dat 77 persint him seach as de bêste spiler fan de wrâld.

Messi stie seis wiken oan de kant troch in blessuere (spierskuorke yn de linkerbil) dy't er oprûn hie yn de Champions League-wedstriid tsjin Celtic. It wie de fjirde kear yn trije seizoenen dat er san soartefan blessuere oprûn. Uteinlik einige er it seizoen mei 16 goals en 13 assists yn de kompetysje.

Seizoen 2008/2009 bewurkje seksje

Nei't Ronaldinho fuortgie by de klup, krige Messi yn syn plak it rêchnûmer tsien. Hy waard twadde yn de ferkiezing fan de Wrâldfuotballer fan it jier 2008.

Messi skoarde syn earste hattrick fan 2009 yn in wedstriid om de Copa del Rey, tsjin Atlético Madrid. Barcelona wûn mei 3-1. Op 18 april makke er syn 20e goal yn de Primera División fan dat seizoen yn in 1-0-oerwinning op Getafe. Dêrmei behold Barcelona de foarsprong fan seis punten op Real Madrid.

Letter yn it seizoen skoarde Messi twa kear yn in 6-2-oerwinning op Real Madrid yn it stadion fan de Madrilenen. De útslach wie de grutste nederlaach fan Madrid sûnt 1930.Op 13 maaie wûn Messi foar it earst de Copa del Rey mei Barcelona, troch mei 4-1 te winnen fan Athletic Bilbao. Barcelona waard ek kampioen fan de Primera División. En op 27 maaie holp Messi syn klup oan de Champions League, troch yn de finale de 2-0 te meitsjen tsjin Manchester United. Hy waard topskoarer fan it toernoai mei njoggen goals. Fierder wûn er de priis foar bêste oanfaller en bêste spiler yn de Champions League.It wie foar it earst dat in Spaanske klup La Liga, de Copa del Rey én de Champions League wûn yn ien seizoen.

Seizoen 2009/2010 bewurkje seksje

Na it winnen fan de UEFA Super Cup sei de trainer fan Barcelona, Josep Guardiola, dat Messi nei alle gedachten de bêste spiler wie dy't er ea sjoen hie.

Messi waard yn desimber de winner fan de Ballon d'Or, voor Cristiano Ronaldo, mei it grutste ferskil yn stimmen ea: 473 om 233. Nei it útrikken fan de priis fertelde Messi dat er de priis opdroech oan syn famylje: "Sy wienen der altyd foar my en fielden faak de emoasjes sterker as my."

Op 19 desimber makke Messi de winnende goal yn de finale fan de wrâldbeker foar klups tsjin Estudiantes yn Abû Daby, wat derfoar soarge dat Barcelona syn sechsde titel fan it jier pakte. Twa dagen letter krige Messi de priis foar spiler fan it jier fan de FIFA, wêrmei't er Cristiano Ronaldo, Xavi, Kaká en Andrés Iniesta fersloech. Op 17 jannewaris makke Messi syn hûndertste goal foar de klup yn in 4-0-oerwinning op Sevilla.

Messi begûn dêrnei oan in ymposante searje troch 11 kear te skoaren yn fiif wedstriden.

En op 6 april 2010, foar it earst yn syn karriêre, makke Messi fjouwer goals yn ien wedstriid. Dat die er yn de 4-1-thúsoerwinning op Arsenal yn de Champions League.

Seizoen 2010/2011 bewurkje seksje

Op 21 augustus 2010 skoarde Messi in hattrick yn in 4-0-oerwinning op Sevilla yn de Supercopa de España, wêrmei't Barcelona de earste priis fan it seizoen pakte.

Yn de kompetysjewedstriid tsjin Villarreal skoarde Messi twa kear. Dat wie de sânde wedstriid op rige dat er in goal makke, in persoanlik rekôr. Hy helle ek it tal fan 50 goals yn it kalenderjier 2010. Yn in 8-0-oerwinning op Almería makke Messi syn hûndertste kompetysjegoal foar Barcelona.

Messi wûn de FIFA Ballon d'Or, wêrby't er syn ploechgenoaten Xavi en Iniesta fersloech. Op 5 febrewaris bruts Barcelona it rekôr fan de langste oerwinningsrige yn de kompetysje: de 3-0-winst op Atlético Madrid wie de 16e oerwinning op rige.

Tsjin Almería makke Messi twa goals. Syn twadde wie syn 47e fan it seizoen, likefolle as dat er yn it folsleine foarige seizoen skoard hie. Hy ferbettere syn persoanlike rekôr op 12 april 2011 troch de winnende goal te meitsjen tsjin Sjachtar Donetsk. Dêrtroch waard er ek de persoan dy't de measte goals makke hie foar Barcelona yn in seizoen. Op 23 april makke er tsjin Osasuna (2-0) syn 50e goal fan it seizoen.

Yn de Champions League-finale makke Messi de twadde goal yn de 3-1-oerwinning op Manchester United. Hy waard útroppen ta Man fan de Wedstriid. En foar it tredde seizoen op rige krige er de Trofeo Alfredo Di Stéfano, foar bêste spiler yn de Spaanske kompetysje.

Seizoen 2011/2012 bewurkje seksje

 
Messi yn 2011

Yn it seizoen 2012-2012 begûn Messi mei trije goals yn twa wedstriden tsjin Real Madrid om 'e Supercopa de España. De wedstriden einigen yn 2-2 en 3-2 en dêrmei pakte Barcelona de earste priis fan it seizoen. Messi waard ek de meast skoarende spiler yn de histoarje fan de Supercopa mei yn totaal acht goals.

Op 7 maart 2012 wûn FC Barcelona mei 7-1 yn 'e Champions League fan Bayer Leverkusen. Messi makke fiif fan 'e sân goals. Dêrtroch skreau er skiednis, om't nea earder in spiler in fiif doelpunten yn ien Champions League-wedstriid makke hie. Dêrmei gie Messi (54 goals) ek Thierry Henry (50 goals) foarby yn 'e list fan topskoarers fan altyd. Yn de Primera División makke Messi dit seizoen fyftich doelpunten, wêrtroch't er de Trofeo Pichichi wûn en in rekôr delsette wat goals oanbelanget. Messi wûn dit seizoen ek de Gouden Skoech, foar Cristiano Ronaldo en Robin van Persie.

Seizoen 2012/2013 bewurkje seksje

Yn it seizoen 2012-2013 makke Messi wer twa goals yn de konfrontaasjes foar de Supercup tsjin Real Madrid. Syn totale tal goals yn 'e Spaanske Supercup kaam dêrmei op 10 goals. Op 14 septimber 2012 makke Messi twa goals tsjin Getafe en bruts er syn eigen rekôr fan it tal goals yn ien kalinderjier (60). Troch twa kear te skoaren yn de Clásico (2-2) yn oktober, hat Messi noch mar ien doelpunt minder as rekôrhâlder Di Stéfano wat goals yn de Clásico oanbelanget (15).Op 1 desimber skoarde Messi twa kear tsjin Athletic Bilbao en kaam er op gelikense hichte mei it kluprekôr fan Cesar Rodríguez, dy't 190 goals foar Barça makke yn de perioade tusken 1942 en 1955. Op 9 desimber skoarde Messi de 0-1 by Real Betis en dat wie syn 85e doelpunt fan 2012. Dêrmei kaam er gelyk mei rekôrhâlder Gerd Müller. Letter yn dyselde wedstriid makke Messi ek de 0-2 en waard er allinnich rekôrhâlder wat oantal goals yn ien kalinderjier oanbelanget. Uteinlik sleat Messi it jier 2012 ôf mei 91 goals.

Messi fersloech Cristiano Ronaldo en Andres Iniesta op 7 jannewaris 2013 yn 'e striid om de Gouden Bal. Messi krige 41,6 persint fan de stimmen, mear as Ronaldo (23,68 persint) en Iniesta (10,91). De Argentyn wie de earste spiler dy't de priis foar de fjirde kear efterinoar wûn. Yn dyselde moanne skreau er nochris skiednis: Messi skoarde tsjin Osasuna en dêrmei wie er de earste dy't alve kear op rige skoarde yn de Primera División.Yn febrewaris 2013 ferlinge Messi syn kontrakt mei twa jier oant 2018. Yn de Clásico fan 2 maart makke Messi syn 18e goal yn in konfrontaasje tsjin Real Madrid. Hjirmei kaam er op gelikense hichte mei Di Stéfano.Mei syn twa goals tsjin AC Milan (4-0 winst) yn de Champions League, helle Messi Ruud van Nistelrooij yn op de list fan topskoarers aller tidende ivige topronde fan 'e Champions League.

Seizoen 2013/2014 bewurkje seksje

It seizoen 2013-2014 begûn foar Messi mei winst fan de Spaanske Supercup. Barcelona fersloech Atlético Madrid.  Fierder pakten Messi en Barcelona dit seizoen lykwols gjin priis. De Champions League einige yn de kwartfinale, yn de kompetysje waard Barcelona twadde en yn 'e finale fan de Copa del Rey ferlear it fan Real Madrid. Yn ferliking mei eardere seizoenen wie Messi dit seizoen ek minder produktyf: hy skoarde 41 doelpunten en joech 14 assists.

Seizoen 2014/2015 bewurkje seksje

 
Messi yn 2014

Messi waard op sneon 22 novimber 2014 ivich topskoarer fan de Primera División. Hy makke trije kear goals tsjin Sevilla brocht syn totale tal goals dêrmei op 253, twa mear as de eardere rekordhâlder Telmo Zarra.Yn de op ien nei lêste kompetysjewedstriid makke Messi de iennige goal tsjin Atlético Madrid yn it Vicente Calderón-stadion, wêrtroch't Barcelona net mear yn te heljen wie troch konkurrint Real Madrid.

Messi wûn de UEFA Champions League op sneon 6 juny 2015 foar de fjirde kear yn syn karriêre, like faak as rekôrhâlder Clarence Seedorf. Itselde jilde foar Messi's ploechgenoaten Xavi Hernández, Andrés Iniesta en Gerard Piqué.

Seizoen 2015/2016 bewurkje seksje

Messi skoarde twa kear foar FC Barcelona op tiisdei 11 augustus 2015, yn 'e wedstriid om de UEFA Super Cup 2015 tsjin Sevilla FC (5-4 winst). Dêrmei pakte er syn 25e titel yn tsjinst fan FC Barcelona, wêrtroch't hy, krekt as Andrés Iniesta, it rekôr fan Xavi byhelle. In pear moannen letter wûnen Messi en Iniesta harren 26e titel mei Barcelona: it wrâldkampioenskip foar klupteams. Messi makke de earste goal yn de finale tsjin River Plate (3-0 winst).Op 11 jannewaris 2016 wûn Messi syn fyfde FIFA Ballon d'Or, wer in rekôr. Op 14 febrewaris, doe't Barcelona mei 6-1 wûn fan Celta de Vigo, koe er syn 300e goal yn de Primera División meitsje út in strafskop. Mar yn stee fan sels te sjitten, lei er de bal breed op Luis Suárez, dy't ynsjitte koe. Dêrmei diene se wat Rik Coppens (1957) en Johan Cruijff (1982) yn it alris dien hiene.Op de lêste spyldei fan it seizoen wûnen Messi en Barcelona mei 0-3 by Granada en dêrmei waard Messi foar de achtste kear kampioen fan Spanje. Dat rekôr dielde er op dat stuit mei Xavi en Iniesta. Op snein 22 maaie wûn Messi syn 28e titel mei FC Barcelona, nei't se yn de finale fan de Copa del Rey mei 2-0 wûnen fan Sevilla. Messi joech beide assists.

Seizoen 2016/2017 bewurkje seksje

Messi wûn op tongersdei 18 augustus 2016 syn 29e priis mei FC Barcelona. Se wûnen de Supercopa tsjin Sevilla. It wie de earste priis dy't Messi as oanfierder ûntfong, om't earste oanfierder Iniesta blessearre wie. Op snein 23 april skoarde Messi twa kear yn op besite by Real Madrid (2-3 oerwinning). Syn twadde doel yn dy wedstriid wie syn 500ste offisjele goal foar FC Barcelona. Messi skoarde dit seizoen 37 kear yn de kompetysje. Dêrmei waard er foar de fjirde kear topskoarer yn Spanje en wûn er boppedat foar de fjirde kear de Golden Boot. Op 27 maaie skoarde Messi ien kear yn de Copa del Rey-finale tsjin Alaves, dy't Barcelona mei 3-1 wûn.

Seizoen 2017/2018 bewurkje seksje

Op 23 desimber 2017 spile Barcelona de útwedstriid tsjin rivaal Real Madrid. Messi skoarde ien kear en joech in assist. Barcelona wûn mei 3-0. Mei syn goal waard er topskoarer aller tiden yn clásicos (26). Boppedat is der gjin oare net-Real Madrid-spiler dy't sa faak skoarde yn Estadio Santiago Bernabéu.Barcelona en Messi wûnen dit seizoen twa titels. Op 21 wie Barcelona yn de finale fan de Copa del Rey mei 5-0 te sterk foar Sevilla. Messi makke ien goal en joech twa assists. Acht dagen letter wûn Barcelona mei 4-2 op besite by Deportivo La Coruña, mei troch trije goals fan Messi. De oerwinning betsjutte it kampioenskip fan Spanje. Dêrmei hiene Messi en Iniesta harren 32e priis as Barcelona-spiler wûn. Dêrnjonken waard er op 'e nij topskoarer yn Spanje en Europa.

Nasjonale ploech bewurkje seksje

Op 17 augustus 2005 makke Messi syn debút foar Argentynje yn in oefenwedstriid tsjin Hongarije. Yn de 63ste minút foel Messi yn foar Lisandro López. In minút letter waard er alwer fuortstjoerd. Skiedsrjochter Markus Mark seach Messi in slaande beweging meitsjen yn in duel en joech him read. Op 1 maart 2006 makke Messi tsjin Kroaasje syn earste goal foar Argentynje. Hy joech dy wedstriid ek in assist op Carlos Tévez.

WK ûnder 20 bewurkje seksje

Messi spile op it wrâldkampioenskip ûnder de 20, dat yn juny en july 2005 yn Nederlân hâlden waard. Argentynje waard kampioen en Messi wûn ek noch twa yndividuele prizen: de Gouden Skoech (topskoarer) en de Gouden Bal (bêste spiler neffens de parse). Hy skoarde seis kear, ûnder oare twa strafskoppen yn de finale tsjin Nigearia.

WK 2006 bewurkje seksje

Messi siet by de Argentynske seleksje foar it WK 2006. Yn de twadde wedstriid, tsjin Servje en Montenegro, makke er syn WK-debút as ynfaller foar Maxi Rodríguez. It stie doe 3-0. Dêrnei joech Messi in assist op Hernán Crespo en makke er sels de fyfde Argentynske goal. Dêrnei spile Messi noch twa wedstriden op dit WK. Tsjin Nederlân begûn er yn de basis en yn de achtste finale tsjin Meksiko wie er ynfaller. Yn de ferlerne kwartfinale tsjin Dútslân (nei strafskoppen) spile Messi net.

Olympyske Spullen 2008 bewurkje seksje

 
Op de Olympyske Spullen 2008

Yn 2008 wûn Messi goud mei Argentynje op de Olympyske Simmerspullen yn Peking. Yn wûn Argentynje mei 1-0 fan Nigearia. Messi skoarde dit toernoai twa kear: yn de groepsfaze tsjin Ivoarkust en yn de kwartfinale tsjin Nederlân.

WK 2010 bewurkje seksje

Yn 2010 siet Messi wer by de Argentynske seleskje foar it WK. Hy spile alle groepwedstriden, de achtste finale en de kwartfinale. Dêryn ferlear Argentynje mei 4-0 fan Dútslân.

WK 2014 bewurkje seksje

 
Op it WK 2014

Op de WK fan 2014 helle Messi de finale mei Argentynje. Dêryn ferlear it lân nei ferlinging mei 1-0 fan Dútslân. Messi waard útroppen ta bêste spiler fan it toernoai, foar Thomas Müller en Arjen Robben.

Ivich topskoarer bewurkje seksje

Op 1 septimber 2016 makke Messi de iennige goal yn de WK-kwalifikaasjewedstriid tsjin Oerûguay. Dat wie syn 56e doelpunt foar de nasjonale ploech fan Argentynje, wêrtroch't er dield mei Gabriel Batistuta topskoarer aller tiden wie. Op 16 novimber makke Messi mei in frije traap de 1-0 yn de WK-kwalifikaasjewedstriid tsjin Kolombia (3-0). Dêrmei waard er allinnich rekôrhâlder.

Belestingfraude bewurkje seksje

Messi waard op 6 july 2016 feroardiele ta 21 moanne finzenisstraf en in boete fan twa miljoen euro foar belestingfraude. Neffens de rjochter hat er tusken 2007 en 2009 fan € 4,1 miljoen oan portretrjochten net oanjûn dat er dat krige. It jild waard neffens it fonnis fuortsluze mei bedriuwen yn Oerûguay en Belize. Hy die dat neffens de rjochtbank yn gearwurking mei syn heit, dy't feroardiele waard ta deselde finzenisstraf en in boete fan 1,5 miljoen euro. Dochs hoegden beide Messi's net de finzenis yn. Neffens de wetjouwing yn Spanje hoecht dat net as der minder as twa jier sel easke wurdt en de feroardielde boppedat noch in blanko strafblêd hat. Lionel Messi altyd sein net op de hichte west te ha fan de fraude.

Privee bewurkje seksje

Messi en syn frou hawwe trije soannen: Thiago, Mateo en Ciro. It pear troude op 30 juny 2017 yn Messi's berteplak Rosario.

Museum en stânbyld bewurkje seksje

Yn syn berteplak Rosario is in museum iepene mei in eksposysje oer Messi. Oare atleten út 'e stêd wurde ek eare, lykas Angel Di María. Op 28 juny 2016 waard in stânbyld fan Messi yn Buenos Aires ûntbleate.

Keppeling om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Spaans paspoort voor Argentijn Messi, Trouw, 26 septimber 2005
  2. Leo Messi tiene raíces en un pueblo de la provincia de Lleida, Cadena Ser, 28 septimber 2011
  3. Messi i Bojan són cosins i amb arrels a El Poal, Segre.com, 12 oktober 2011
  4. Messi y Bojan están vinculados familiarmente: Son primos de cuarta generación, Mundo Deportiveo, 12 oktober 2011