Francine (Sien) Diels (Turnhout, 1 augustus 1947Leuven, 17 oktober 2021) wie in Flaamske aktrise, dy't foaral bekend is fan har 36 jier lange meiwurking fan it Nederlânsktalige berneprogramma Sesamstraat.

Sien Diels
akteur
persoanlike bysûnderheden
echte namme Francine Diels
nasjonaliteit Belgysk
berne 1 augustus 1947
stoarn 17 oktober 2021 (74 jier)
jierren aktyf 1969-2012
offisjele webside
(in) IMDb-profy

Libben en wurk bewurkje seksje

Diels studearre yn 1969 ôf yn 'e rjochting toaniel oan it Keninklik Konservatoarium Brussel. Hja begûn har karriêre by it Mechels Miniatuer Teater. Letter wie se aktyf as freelance aktrise, ûnder mear by it selskip Theater Malpertuis. Dêrneist waard se dosinte oan de akademy fan Ninove en dêrnei oan it Konservatoarium fan Mechelen, wat se oant har pinsjonearring yn 2010 dwaan bleau.

Yn 1975 makke se de oerstap nei telefyzje en wurke se mei oan de jeugdsearje Tim. Fan 1976 oant 2012 joech se stal oan ien fan de fêste personaazjes yn Sesamstraat. Dêrneist wie se te sjen yn lytse rollen yn ûnder oare Thuis (2003), Witse (2004), F.C. De Kampioenen (2001), Sedes & Belli (2002 -2003), Flikken (2008) en Spoed (2006). Ek siet se geregeld yn de sjuery fan de Mini-playbackshow (1987 -1990).

Sesamstraat bewurkje seksje

Diels die yn 1975 mei oan in audysje foar in minsklik personaazje yn it berneprogramma Sesamstraat. Omdat it ynearsten om in Nederlânsk-Belgyske koproduksje gie, waard in Flaamske aktrise socht as tsjinspylster foar Piet Hendriks. Har personaazje yn Sesamstraat krige deselde (rop)namme as de aktrise en wie in ûnôfhinklike jonge frou, dy 't in eigen libbensmiddelewinkel útbaatte, dêr 't de bewenners fan de strjitte boadskippen. It personaazje fan Sien hie in feministyske ynslach en besocht mear as ien kear genderpatroanen te trochbrekken.
Stadichoan evoluearre it personaazje Sien ta in soarte fan memmefiguer foar de poppen.

Sien Diels wie oanhelle mei demintens. Op in seker stuit slagge har it aktearjen net mear. Se ferstoar yn de âldens fan 74 jier.

Filmografy bewurkje seksje

Titel Funksje Jier Medium
Tim aktrise 1975 telefyzje (tf)
Als schilders konden praten aktrise 1976 tf
De danstent aktrise 1976 tf
Sesamstraat aktrise 1976-2012 tf
Bitter Lemon aktrise 1981 tf
Intocht van Sinterklaas aktrise 1982 tf
Sesamstraat is jarig aktrise 1984 tf
Sinterklaas in Sesamstraat aktrise 1987-2009 tf
Mini-playbackshow sjuerylid 1987-1990 tf
Commissaris aktrise 1992 tf
Saartje en Tommie stimaktrise 1992 fideo
Sesamstraat 20 jaar aktrise 1996 tf
Heterdaad aktrise 1997 tf
Sesamstraat in Paradiso aktrise 2000 tf
Recht op Recht aktrise 2000, 2002 tf
F.C. De Kampioenen aktrise 2001 tf
Sedes & Belli aktrise 2002-2003 tf
Thuis aktrise 2003 tf
Witse aktrise 2004 tf
Open huis in Sesamstraat aktrise 2006 tf
Spoed aktrise 2006 tf
Flikken aktrise 2008 tf
Aspe aktrise 2009 tf
Mina Moes aktrise 2011 film

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: