Sietze Albert Veenstra
Sietze Albert Veenstra (Langsweagen, 5 juny 1897 - Súdlaren, 23 desimber 1981), meastal S.A. Veenstra neamd, wie in Nederlânske arsjitekt. Hy wie meast yn Noard-Nederlân oan 't wurk, benammen yn en om it Grinzer doarp Middelstum, dêr't er gemeente-arsjitekt wie. Veenstra jildt as in fertsjintwurdiger fan de Amsterdamske Skoalle.
Sietze Albert Veenstra | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Sietze Albert Veenstra | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 5 juny 1897 | |
berteplak | Langsweagen | |
stoarn | 23 desimber 1981 | |
stjerplak | Súdlaren | |
etnisiteit | Frysk | |
wurkpaad | ||
berop/amt | arsjitekt |
Libben en wurk
bewurkje seksjeSietze Veenstra wie in soan fan in sigarewinkelman en in mem út in timmermansfamylje. Doe't er fjirtjin wie waard er sels ek timmermansfeint. Troch praktykûnderfining, oanfold mei jûnsstúdzje, waard er boukundige. Ta syn earste wurk heart it bûten De Zandhoeve (1930) yn Beetstersweach, destiids de amtswent fan de boargemaster fan Opsterlân. Veenstra kaam yn 1930 as opsichter yn tsjinst by gemeentewerken yn Middelstum. Neidat ein jierren trittich de gemeentewerken fan Kantens, Middelstum en Stedum by elkoar gien wiene, waard er gemeente-arsjitekt fan Middelstum. Veenstra ûntwurp in grut tal wenhuzen en in stikmannich pleatsen en skoallen, allegear yn in frijwat sobere fariant fan de styl fan de Amsterdamske Skoalle. Teffens ûntwurp er meubels en wandbetimmeringen. Nei oarloch gie Veenstra oer nei in funksjonalistyske styl, krekt as mear fakgenoaten yn dy tiid.
Yn 1962 gong Veenstra mei pensjoen en ferhuze er nei it Drintske Súdlaren, dêr't er yn 1981 yn de âldens fan 84 jier ferstoarn is. Ferskillende fan syn gebouwen binne oanwiisd as ryksmonumint.
Sjoch ek
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
|