Berkley Books

(Trochferwiisd fan Signet Mysteries)

Berkley Books is in Amerikaanske útjouwerij dy't fêstige is yn New York. It bedriuw makket ûnderdiel út fan it Britske útjouwersconcern de Penguin Group. De bekendste ymprint fan Berkley is Ace Books, dêr't science fiction en fantasy ûnder útjûn wurdt.

Berkley Books
algemien
hist. namme Chic News Company
Berkley Publishing Co.
nasjonaliteit Amerikaansk
type privaat
sektor útjouwerij
haadkertier New York (New York)
oprjochte 1955
oprjochter Charles Byrne en Frederic Klein
eigner Pearson PLC
mem Penguin Group
dochters sjoch ûnder ymprints
offisjele webside
www.berkleyjoveauthors.com

Berkley Books waard yn 1955 as in selsstannich bedriuw oprjochte troch Charles Byrne en Frederic Klein, twa boekeredakteurs dy't earder by Avon Publications wurke hiene. De útjouwerij droech yn 't earstoan de namme Chic News Company, mar waard noch yn itselde jiers omneamd ta Berkley Publishing Co. Al rillegau begûn it bedriuw him ta te lizzen op 'e publikaasje fan science fiction-literatuer. Yn 1965 waard Berkley oernommen troch G.P. Putnam's Sons, wêrnei't it de paperback-ymprint fan dy útjouwerij waard.

Yn 1982 naam Putnam ek Grosset & Dunlap en Playboy Press oer, en doe waarden de Ace Books- en Jove Books-ymprints fan Grosset & Dunlap, mei dêropta Playboy Press as gehiel oan Berkley tafoege. Playboy Press gie úteinlik folslein op yn Berkley, sadat de namme yn ûnbrûk rekke, mar Ace en Jove waarden beholden as aparte ymprints. Meitiid ûntjoech Ace him ta de science fiction-ymprint, wylst Berkley sels him almar mear begûn ta te lizzen op militêre romans, lykas it troch de ferfilming ferneamd wurden The Hunt for Red October, fan Tom Clancy.

Hjoed de dei makket Berkley ûnderdiel út fan 'e Amerikaanske difyzje fan 'e Britske Penguin Group, dy't yn 1996 Putnam oernaam. De útjouwerij publisearret sawol paperbacks as hardcover-edysjes.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes and references, op dizze side.