Sikke Dirks Wolters (Ikkerwâld, 30 jannewaris 1908It Hearrenfean, 27 juny 1944) wie in Nederlânske plysje. Hy waard yn de Twadde Wrâldoarloch troch it Fryske ferset likwidearre fanwegen syn help oan de Dútsers.

Wolters troude yn 1934 mei Hiske Roskam. Sy krigen tegearre fjouwer bern; de jongste stoar binnen it jier. Hy wie by de plysje en wie lid fan de NSB. Nei de Dútske ynfal wurke er nau gear mei de besetter. Sa arrestearre er bygelyks yn desimber 1943 mei Harm Sibma in Joadske frou en har dochter yn Donkerbroek. Hy joech him dêrfoar út as Joadske ûnderdûker.[1] Earder dat jier, yn septimber, wie er ferantwurdlik foar de arrestaasje fan fersetsman Douwe de Boer. Dy wie er op it spoar kaam fia de "foute" post Leeuwke Bollema dy't in brief ûnderskept hie mei belêstende ynformaasje. De Boer stoat úteinlik yn Kamp Vught.

Plysje Wolters wie stasjonearre op It Hearrenfean. Hy wurke dêr nau op mei de Lânwacht. Dat wie net fansels om't de plysje yn in protte plakken neat hawwe moast fan it eigensinnige optreden fan de Lânwacht.[2]

Wolters wie in tige trochtaastend plysjeman. Hy die him regelmjittich foar as swarthanneler. Nei't de keap sletten wie makker er him bekend as plysje wn waard de keper arrestearre.[3] Wolters kaam in protte fersetsminsken, alliearde fleanders en ûnderdûkers op it spoar en wie sadwaande in serieuze bedriging foar de ûndergrûnse. Dêrtroch waard hieltyd mear heard om him mar fan kant te meitsjen. It wie net fansels dat eltse ferrieder samar út 'e wei romme waard, omdat de Dútsers faak ferjildingsmaatregelen namen en dêrby in protte – al as net willekeurige – slachtoffers makken.

It plan om Wolters te likwidearjen waard yn it ferset earst foarlein oan in saneamd feemgerjocht, dat út trije rjochters bestie. Sy joegen tastimming om him te deadzjen. Dat barde net fuortendaliks. Wolters krige earst noch in brief dêr't him it deafûnis yn oansein waard. It soe ek útfierd wurde, of it moast wêze dat er ophâlde mei syn jacht op minsken. Hy gie der lykwols gewoan mei troch, dat der waard besletten om him út de wei te romjen. Mei mar ien kûgel waard er deadien yn de fytsestalling fan it treinstasjon op It Hearrefean troch fersetsman Gerard Haagen.[4] It pistoal wêrmei't Haagen it die waard yn 1980 oan it Fersetsmuseum yn Ljouwert skonken, mar ferdwûn in jier letter by in ynbraak.[3]

As represaille waard feehâlder Albert Marten Rinkema yn de nacht fan 29 op 30 juny thús yn Rottum deasketten yn it ramt fan de Silbertanne Aktion.[5]

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Jasper Keizer (2009). De zwarte wagon: verraders in Friesland. Ljouwert: Penn Utjouwerij, s.53
  2. Keizer, p.137
  3. 3,0 3,1 Jack Kooiman en Albert Oosthoek (2009). Recht op wraak: liquidaties in Nederland 1940-1945, s.127-128
  4. De aanslag op Sikke Wolters, Heerenveensche Courant, 9 juny 1947
  5. Albert Marten Rinkema krijgt een eigen straatnaambord, Jouster Courant, 1 july 2015