Prinses Anna (skip út 1968)
(Trochferwiisd fan Simonszand (skip út 1968))
De Prinses Anna is yn 1968 boud op Skipswerf C. Amels & Zn. yn Makkum, foar rykswettersteat. Dy't it skip yn brûklien joech oan Wagenborg dy't de feartsjinst útfierde. Oant 1986 farde it skip tusken Holwert en It Amelân. Dit bleau sa oant it ryk de feartsjinsten privatisearre. Doe waard it skip eigendom fan Wagenborg, dy't foar it Amelân twa nije skippen bouwe liet en ûnder oaren dit skip yngreven ferbouwe liet by Niesten-Sander b.v. yn Delfsyl, foar de ferbining mei Skiermûntseach en omdoopte yn Simonszand. Yn 1997 waard it skip ferkocht en krige it de namme Ameland. Hjoed-de-dei fart it as feestskip rûn yn de omjouwing fan Rotterdam.
Prinses Anna | ||
algemiene ynformaasje | ||
flagge | Nederlân | |
thúshaven | Rotterdam | |
oare namme(n) | Simonszand (1986-1997), Ameland (1997-2004), De Ameland (2004-2016), Ameland (Sûnt 2016) | |
skiednis | ||
werf | Skipswerf C.Amels & Zn., Makkum | |
oplevere | 1968 | |
yn de feart | 1968 | |
status | Yn tsjinst | |
bysûnderheden en sifers | ||
type | Fear | |
lingte | 50,2 m. | |
breedte | 9,4 m. | |
djipgong | 1,2 m. | |
passazjiers | 800 | |
oandriuwing | 3 x 379 pk Detroit | |
maks. faasje | 10 knopen (18 km/o) |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|