Sint-Gangulfustsjerke (Ie)
De Sint-Gangulfustsjerke (ek: Tsjerke op 'e Terp) is in yn de 13e iuw boud ryksmonumint yn Ie. It is ien fan de tsjerken fan de Protestantske gemeente Ie-Eastrum-Jouswier.
Sint-Gangulfustsjerke Tsjerke op 'e Terp | ||
Sint-Gangulfustsjerke | ||
Lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
provinsje | Fryslân | |
gemeente | Noardeast-Fryslân | |
plak | Ie | |
adres | Omgong 1 | |
koördinaten | 53° 19' N 6° 64' E | |
Tsjerklike gegevens | ||
tsjerkegenoatskip | PKN | |
patroanhillige | Gangulfus (of mooglich Jarich fan Mariëngaard) | |
Arsjitektuer | ||
boujier | 13e iuw | |
boustyl | romaanske en gotyske arsjitektuer | |
monumintale status | ryksmonumint | |
monumintnûmer | 31568 | |
Webside | ||
PKN gemeente Ie-Eastrum-Jouswier | ||
Kaart | ||
Skiednis
bewurkje seksjeDe tsjerke waard yn de earste helte fan de 13e iuw boud. It is net hielendal wis oan wa't de tsjerke yn de katolike tiid wijd wie, neamd wurde Gangulfus en de hillige abt Jarich fan Mariëngaard as mooglike patroanhilligen. De tsjerke is yn de lettere iuwen ferskillende kearen feroare. Sa waard yn de 16e iuw de kape fan de tsjerke ferhege en ferdwûn it stiennen ferwulft. Ek de trijehoekige koerôfsluting is yn lettere iuwen boud en ferfong in rûne ôfsluting.[1]
Nei de reformaasje waard de tsjerke in protestantske tsjerke.
De tsjerketoer is fan 1867 en ferfong in sealtektoer dy't al earder ôfbrutsen wie. De klok út 1642, getten troch Jacob Noteman út Ljouwert, waard yn de oarloch foardere troch de Dútsers.
Opfallend oan de tsjerke binne de rigen konsoles oan de boppekant fan de súd- én de noardmuorre. Under de konsoles binne foarmen fan minskegesichten of fan bistekoppen oanbrocht.
De tsjerke is erkend as in ryksmonumint. De toer waard yn 2010 restaurearre.
Ynterieur
bewurkje seksjeYn de tsjerke steane trije hearebanken út de 17e en de 18e iuw foar de Obbema's, Douma's en Holdinga's. Neist njoggen roubuorden hat de tsjerke ek in epitaaf fan swart moarmer en albast ta neitins oan de yn 1625 ferstoarne Snelliger Meckema. De âldste grêfstien is út 1495 fan Teet Humalda. Neffens de 'Tegenwoordige Staat van Friesland' út 1786 moat Ie in hiel moai koerstek hân hawwe.
De preekstoel is út de 19e iuw.
Oargel
bewurkje seksjeIt twamanualige oargel waard yn 1958 boud troch Ernst Leeflang. It Leeflang-ynstrumint ferfong in oargel fan de firma Dekker út 1923, dy't doe in oargel fan Van Gruisen út 1794 ferfongen.
Keppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|