Sint-Martinustsjerke (Wergea)
De Sint-Martinustsjerke is in roomske tsjerke yn Wergea yn de provinsje Fryslân, dy't wijd is oan de hillige Sint-Martinus. De ienskippige krústsjerke is in ryksmonumint.
Sint-Martinustsjerke | ||
Lokaasje | ||
provinsje | Fryslân | |
gemeente | Ljouwert | |
plak | Wergea | |
adres | Tsjerkebuorren | |
koördinaten | 53° 09' N 5° 50' E | |
Tsjerklike gegevens | ||
tsjerkegenoatskip | Roomsk-Katolike Tsjerke | |
bisdom | Bisdom Grins-Ljouwert | |
patroanhillige | Sint-Martinus | |
Arsjitektuer | ||
boujier | 1860-1862 | |
boustyl | Neogotyk | |
monumintale status | Ryksmonumint | |
monumintnûmer | 514864 | |
Webside | ||
Hiemside Sint-Fitusparochy | ||
Kaart | ||
Parochy
bewurkje seksjeDe tsjerke heart by de Sint-Fitusparochy, dy't ûnder it bisdom Grins-Ljouwert falt. It bestjoer fan 'e Sint-Fitusparochy makke op 9 novimber 2023 bekend dat de tsjerke sletten en mooglik ferkocht wurde sil.[1]
Bou
bewurkje seksjeSûnt it begjin fan 'e 18e iuw hiene de katoliken oant 1862 in skûltsjerke yn 'e Lytse Mar (Jornahústerpolder).
De hjoeddeikse tsjerke waard yn 'e jierren 1860-1862 oan 'e eastlike kant fan it doarp boud neffens in ûntwerp fan Hendricus Johannes Wennekers. Restauraasjes fan 'e tsjerke fûnen yn 1939 en 1988-1989 plak.
Ynterieur
bewurkje seksjeIn pear saken fan it ynterieur binne ôfkomstich út de eardere skûltsjerke yn 'e Jornahústerpolder, lykas it stiennen doopfont (1791) en de dekoraasjes oan 'e bychtstoel. It neogoatyske heechalter en de sydalters binne makke troch atelier Cuypers-Stoltzenberg. Oan wjerskanten fan it tabernakel is it heechalter fersierd mei de bylden fan Sint-Martinus Sint-Bonifatius, Sint-Piter en Sint-Willibrord. It súdlike sydalter is oan Marije wijd en it noardlike oan Sint-Joazef.
De preekstoel stiet oan 'e noardeastlike pylder fan it koer en it dwersskip en stamt út 1885. Oan de preekstoel binne de bylden oanbrocht fan Hieronymus, Augustinus en Ambrosius en in reliëf fan Jezus, dy't de apostels de wrâld ynstjoerd om it Bliid Boadskip te ferkundigjen.
Yn it koer binne ramen út 1894 fan Kristus en fan 'e patroanhillige. De boppeste ramen binne foarstellings út it libben fan Jezus, en dêrûnder hieltiten in foarstelling fan Sint-Marten. De glês-yn-leadramen fan it skip stelle de tolve apostels foar. Yn 'e noarder earm fan it dwersskip wurde foarstellings út it libben fan Marije útbylde, wylst de súdlike earm ramen mei Sint-Joazef as tema hat.
De fjirtjin krúsweistaasjes binne troch de Grinzer F.H. Bach yn in realistyske styl skildere.
De liedklok (1694) is getten troch Petrus Overney.
Oargel
bewurkje seksjeSjoch ek
bewurkje seksjeOfbylden
bewurkje seksjeKeppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|