Sint-Paulustsjerke (Antwerpen)

De Sint-Paulustsjerke is in monumintale goatyske tsjerke yn it sintrum fan 'e Belgyske havenstêd Antwerpen. De tsjerke stiet oan 'e Veemarkt yn it Schipperskwartier en is tige ryk oan keunstwurken. De oan 'e apostel Paulus wijde tsjerke falt ûnder it bisdom Antwerpen.

Sint-Paulustsjerke
Lokaasje
lân Belgje
provinsje Antwerpen
plak Antwerpen
adres Veemarkt
koördinaten 51° 13' N 4° 24' E
Tsjerklike gegevens
bisdom Antwerpen
patroanhillige Sint-Paulus
Arsjitektuer
arsjitekt Domien de Waghemakere, Rombout de Drijvere
boujier 1571
boustyl Gotyk
Webside
Side parochy
Kaart
Sint-Paulustsjerke (Antwerpen)
Sint-Paulustsjerke

De Paulustsjerke leit yn it âlde stedssintrum deun by de Skelde yn in wyk dêr't eartiids de seelju wennen. De tsjerke waard yn 'e 16e iuw boud as in dominikaanske kleastertsjerke. Se ferfong doed in út 1276 troch Albertus Magnus ynwijde tsjerke. De tsjerke wie in yntellektueel sintrum en in sintrum fanwêr't preekhearen nei it protestantske noarden útstjoerd waarden.

 
Ynterieur

De letgoatyske tsjerke waard nei alle gedachten ûntwurpen troch de arsjitekten Domien de Waghemakere en Rombout de Drijvere. De bou wie needsaaklik fanwegen de nuodlike lizzing oan 'e Skelde en fûn plak by de âlde tsjerke op in heger lizzend grûnstik. Yn 1548 waard de tsjerke foar in part al yn gebrûk nommen en it jier dêrnei waard de âlde tsjerke ôfbrutsen. De nije tsjerke waard yn 1571 foltôge en ynwijd. Yn itselde jier waard yn 'e tsjerke de bruorskip fan Us-Leaffrouwe fan 'e Roazekrâns stifte om te fieren dat de Spaanske float de Turken yn 'e Slach by Lepanto fersloegen. De foargevel hat skaaimerken fan 'e renêssânse.

Doe't de kalvinisten yn 1578 de macht yn Antwerpen krigen, waarden de dominikanen ferballe. Tsjerke en kleaster waarden fan katolike saken suvere en it skip waard foar de kalvinistyske earetsjinst geskikt makke. De transepten en it koer waarden foar in diel ôfbrutsen en in diel fan it kleaster brûkt om kanonnen te jitten. Doe't yn 1584 de Aleksander Farnese Antwerpen wer opeaske foar de Spaanske troan liet er in brêge oer de Skelde bouwe om sa it befoarrieden fan de stêd te blokkearjen. De ferdigeners fan 'e stêd besochten mei fjoerskippen de brêge yn 'e brân te stekken en brûkten it sloopmaterjaal fan 'e transepten en it koer fan de tsjerke as ballêst.

Nei de fal fan Antwerpen

bewurkje seksje

Nei de fal fan Antwerpen yn 1585 kearden de dominikaanske paters werom en setten útein mei de weropbou en werynrjochting fan tsjerke en kleaster. De earste faze fan de weropbou fan it kleaster fûn plak tusken 1605 en 1616. De rekonstruksje wie yn 1662 foltôge. Yn 1618 waard de earste stien lein foar in nij en fergrutte koer en transept. De biskop fan Antwerpen konsekrearre it nije koer yn 1639. De folgjende twa dessinia krige de tsjerke in barok ynterieur. De út Antwerpen ôfkomstige Pieter Verbrugghen I makke de nije iken bychtstuollen (1658-1660). Deselde byldhouwer makke ek it iken front (1654) fan it oargel en tegearre mei syn soan Pieter Verbrugghen II tekene hy ek de ûntwerpen foar it heechalter yn 1670.

 
Kalvaryberch by de Paulustsjerke
 
Detail bychtstoel

In grutte brân yn 1679 ferneatige in diel fan 'e ferwulften fan it skip en it boppediel fan de westlike gevel. De skea waard yn de jierren 1680-1681 ferholpen en tagelyk krige de toer syn barokke ôfsluting. Tusken 1699 en 1747 waard súdlik njonken de Paulustsjerke in kalvaryberch oanlein yn in bylderike tún oan in paad dy't nei de heuvel rint, dêr't it krús is delset.

Frânske besetting en 19e iuw

bewurkje seksje

De Frânske besetter liet yn 1796 alle dominikaanske kleasters slute. De argiven fan 'e dominikaanske oarder, tsjerke en kleaster gyngen yn dy snuorje ferlern. De tsjerke waard yn it iepenbier ferkocht en oankocht troch de dominikaanske prior Peltiers. Dy slagge der sa yn om in grut part fan it rike ynterieur fan 'e tsjerke te behoedzjen foar ferneatiging. Yn 1802 naam de stêd de tsjerke, kalvaryberch en in diel fan it kleaster oer. De tsjerke waard wer ynwijd as in parochytsjerke en ferfong de Sint-Walburgistsjerke, dy't yn 1817 ôfbrutsen waard.

As reaksje op de Belgyske Opstân folge yn 1830 de Tsiendeiske Fjildtocht. Antwerpen waard bombardearre troch it Nederlânske garnizoen. Dêrby rekke ek de Paulustsjerke skansearre en al de brânskildere 17e-iuwske ramen, wêrtusken in soad ûntwerpen fan Abraham van Diepenbeeck, gyngen ferlern. It doksaal út 1654 waard yn 1833 ôfbrutsen. Sa ûntstie fanút it skip in frij sicht op it koer. Oan 'e westlike kant fan it skip wie earder in nij doksaal boud.

Yn 1968 rekke de tsjerke by in brân slim skeind. De minsken dy't om 'e tsjerke wennen en foar it grutste part by de tsjerke hearden, foarmen doe in minsklike keatling. Sa wisten hja dy nacht in grut part fan 'e keunstwurken yn 'e tsjerke feilich te stellen. De skilderijen waarden mei messen út de listen snien. De restauraasje duorre noch lang en earst nei tweintich jier krige it gebou wer in dak. Fanwegen de brânfeiligens is der foar keazen in betonnen byntwurk.

Keunstwurken

bewurkje seksje

Yn 'e tsjerke hinget in rige fan fyftjin mystearjes fan de Roazenkrâns. Se hawwe in fêste folchoarder: de fiif bliire mystearjes, dêrnei de fiif drôve en lang om let de fiif gloarjerike mystearjes. De keunstwurken koene makke wurde mei finansjele stipe fan rike boargers en famyljeleden fan 'e paters fan it kleaster. It binne orizjinele wurken fan oaljefarve op houten panelen út it begjin fan 'e 17e iuw.

Ek fertsjintwurdige is de Antwerpse Skoalle mei keunsters as Peter Paul Rubens, Jacob Jordaens, Antoon van Dyck en Cornelis de Vos. De "Oanbidding fan 'e Hoeders" út likernôch 1609 soe ien fan 'e earste wurken wêze dy't Rubens nei syn ferbliuw yn Itaalje yn Antwerpen skildere.

It Alter fan de Hillige Roazenkrâns besit in kopy fan Caravaggio's "Madonna del Rosario". It orizjinele wurk waard troch keizer Joazef II fan Eastenryk opeaske en is tsjintwurdich te sjen yn it Kunsthistorisches Museum fan Wenen. De kopy waard makke troch Bernardus de Quertenmont, doedestiidsk direkteur fan 'e Koninklijke Academie voor de Schone Kunsten fan Antwerpen. Ek de Frânske revolusjonêren rôven keunst út de tsjerke. In wurk fan Rubens ferdwûn sa nei it Musée des Beaux-Arts fan Lyon en in wurk fan Theodoor Boeyermans nei de Église de la Madeleine fan Aix-en-Provence.

It 17e iuwske oargel wurdt as ien fan 'e meast wichtige oargels fan it lân beskôge. It monumintale front waard snien troch Pieter Verbrugghen I neffens in ûntwerp fan Erasmus Quellinus II.

Freonen fan de Sint-Paulus

bewurkje seksje

De feriening Sint-Paulusvrienden Antwerpen is in feriening dy't benammen yn it tiidrek 1982-2008 in wichtige bydrage levere oan de weropbou en it behâld fan 'e Sint-Paulustsjerke.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:St. Paul's Church, Antwerp