Sint-Pitertsjerke (Grou)

(Trochferwiisd fan Sint Pitertsjerke (Grou))

De Sint-Pitertsjerke is in yn de 13e iuw boude romaanske tsjerke yn it doarp Grou.

Sint-Pitertsjerke (Grou)
Lokaasje
Provinsje Fryslân
Gemeente Ljouwert
plak Grou
adres Tsjerkestrjitte 4
koördinaten 53° 05' N 5° 50' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip PKN
patroanhillige Petrus
Arsjitektuer
boujier 12e iuw
boustyl Oarspronklik romaansk
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 22894[1]
Webside
PKN Grou-Jirnsum
Kaart
Sint-Pitertsjerke (Fryslân)
Sint-Pitertsjerke

De oarspronklik oan de apostel Petrus wijde tsjerke waard yn de 12e iuw boud fan dowestien. De seis traveeën lange tsjerke en it smellere, healrûne koer datearje út de boutiid. Fan de oarspronklike tsjerke is de noardlike muorre it bêste bewarre bleaun. Oan de súdlike kant is noch in bôgefries te sjen, dy't nei alle gedachten fanwegen it ferwaarjen fan it âlde fries yn 'e 16e iuw fernijd waard. It koer is oan de noardlike en eastlike kant fersierd mei in klimmend bôgefries fan dowestien mei dêrûnder kraachstientsjes, dy't mei minske- en bistekopkes dekorearre wiene.

 
Wetsboerd

De tsjerke is yn de rin fan de tiid meardere kearen ferhege en feroare en dêrby waard nijer materiaal lykas bakstien brûkt. Ek binne op ferskillende plakken letter gruttere finsters ynbrocht.

Om 't it koer nei de herfoarming in oare funksje krige, waard tusken it skip en it koer in muorre boud. Oant 1832 is dat diel fan de tsjerke brûkt as rjocht- en riedhûs. De finsters yn de koermuorre binne doe ynbrocht. Inkelde fan de gevels binne wer tichtmitsele. Nei 1832 kaam dêr de kosterswente en noch wer letter waard de romte geskikt makke om as konsistoarje te tsjinjen.

De westlike toer is jonger fan datum en stamt út de 14e iuw. De grutte klok yn'e toer waard yn 'e Twadde Wrâldoarloch troch de Dútsers foardere. De hjoeddeiske klok waard yn 1947 getten troch Van Bergen út Midwolda.[2] It tuorke op it koer is 18e-iuwsk. Yn dat tuorke hinget in klok út 1653.[3]

Op in spitsbôgich timpaan yn de toer wurdt skreaun dat yn 1672 trije iken skonken binne troch de doetiidske grytman fan Idaarderadiel, jonker fan Burmania en syn frou. De tekst ferwiist nei it rampjier 1572, wêryn't it lân oerspield waard troch de Frânsen en Britten. De folsleine tekst is:

Doen men sestyn eeuwen sach, int jaer seventig en twee,
Doen ons landt het weegeklach overstroomde als een see
Door de macht van Frans en Brit, ondersteund door Myterheeren,
Die veel menschen haar besit Roofden, k hoop Godt salt voorts weren,
Doen sijn deese Eeske boomen, hier van Cornium ghekoomen
En door onse last geset,
K hoop Idaerderdeel sal bloijen, t volk gelijck laurijren groijen
Dat s ons wens en ons gebet.
Gegeuen door ons jh. La BURMANIA diestijt Grietman over
Idaerderderdeel doch Anno 1673 ghekoren tot Grietman over Leeuwarderadeel
ende Juffr. JULIANA AGATA VAN AYLVA sijn huisvrouw desen 13 Augusti 1675.
 
Oargel

By de restauraasje fan 1992 waard it ynterieur safolle mooglik werom brocht nei de sitewaasje fan foar 1908. Sa krige de 17e iuwske preekstoel preekstoel syn tradisjonele plak werom oan de súdlike muorre fan 'e tsjerke. De muorre ûnder it oargel waard wer weibrutsen sadat dêr romte kaam foar in liturgysk sintrum. Ek waarden de âlde grêven ûnder de houten flier wer foar it ljocht helle.

Yn it ynterieur steane twa 18e-iuwske hearebanken, de Roordabank en de Kamstrabank.

Oan de westlike muorre hinget in saneamd wetsboerd; oars as de measte wetsbuorden stiet dêr net de tekst fan de Tsien Geboaden op, mar de gearfetting út it evangeelje fan Mattéus en in tekst út it evangeelje fan Jehannes. It boerd waard skonken troch de grytman fan Idaarderadiel, Carel fan Roorda.

It oargel komt út de 19e iuw en is makke troch de firma L. van Dam. Yn 2011 waard it oargel troch Bakker & Timmenga restaurearre. Fanwegen de fersakking fan de tsjerke moast de oargelkas wer rjochtset wurde. Ek alle mechaniken binne doe neisjoen en wer yn oarder makke.[4]

Nachtmielsulver

bewurkje seksje

Andries Roorda en syn frou Nolkje fan Heloma skonken in sulveren nachtmielskaal. Op de skaal stiet te lêzen:

Laat Andries Roorda met Vrou Nolkjen Heloma
Ter Eeren van Godts Kerk dit silverwerk ons schenken
Wij neemen 't danklijck aan met wensch dat Godt hier naa
Haar beijder liefde plicht in liefde wil gedenken
     
Nachtmielskaal Tekst nachtmielskaal Wapen nachtmielskaal

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: