Sirta (Latyn: Cirta) wie yn de âldheid in Berberske en Romeinske stêd, dat letter de stêd Konstantine (Algerije) wurde soe. Sirta wie de haadstêd fan it Berberske keninkryk Numydje. Hoewol't Numydje in bûnsmaat fan Rome wie yn de Punyske oarloggen (264-146 f.Kr.), waard Sirta ferskate kearen yn de twadde en earste iuw f.Kr. troch de Romeinen oanfallen. Under Julius Caesar rekke Sirta ûnder romeinsk bestjoer. Sirta waard dêrnei mei romeinske kolonisten befolke en waard omkringe troch in "konfederaasje fan frije romeinske stêden", lykas Tiddis, Kuikul en Milevum. De stêd waard yn de iere fjirde iuw n.Kr. ferwoastge en waard fannijs opboud troch keizer Konstantyn de Grutte, dy't syn namme oan de nij opboude stêd joech; Constantina. Sirta rekke skansearre troch de Fandalen, mar de Byzantynske keizer Justinianus I bemastere en boude de stêd fannijs op. It belang fan de stêd naam ôf nei't it troch de Arabieren oermastere waard, mar der bleau lykwols in lytse mienskip wenjen. De ruïnen binne hjoed-de-dei in archeologysk fynplak.

Sirta yn de Romeinske tiid, dy't beskerme waard troch de limes, de Fossates Africae
In mozayk út Sirta dy't de "oerwinning fan Neptunus en Amfitrite ôfbyldet
Sirta yn Romeinsk Numydje
Kaartfragmint út de Atlas Antiquus fan Heinrich Kiepert út 1869
Dizze side giet oer stêd yn de âldheid yn it hjoedeistige Konstantine (Algerije). Foar de stêd yn Lybje, sjoch: Sirte.

De Punyske namme fan de stêd wie krtn (𐤊𐤓𐤕𐤍, mooglik útsprutsen as "Kirthan", mei in hurd en sykheljend /tʰ/ lûd) en is mooglik it Punyske wurd foar "stêd" of "doarp", mar wis is it net, want it wurd foar "stêd" waard ornaris mei in Q   (qop) skreaun ynstee fan mei in K   (kap). In oare, en bettere, mooglikheid is dat it in Punyske oersetting wie fan in Berberske plaknamme. It waard letter latinisearre ta Cirta. Under Julius Caesar wie it plak bekend as Respublica IIII Coloniarum Cirtensium. Plinius de Aldere neamde it ek wol Cirta Sittianorum ("Sirta fan de Sittianen"). Under keizer Augustus, yn 27 of 30 f.Kr., waard de offisjele namme Colonia Julia Juvenalis Honoris et Virtutis Cirta. Dat waard bytiden ôfkoarte ta Cirta Julia ("Juliaanske Sirta"), Colonia Cirta of gewoanwei Cirta. Dy namme waard werjûn as Aldgryksk: Κίρτα, romanisearre: Kírta troch de skriuwers Diodoarus Sikulus, Polybius, Appianus, Kassius Dio en Prokopius en de geografen Ptoleméus en Strabo.

Nei't it werneamd waard as Constantina (Latyn: Civitas Constantina Cirtensium) troch Konstantyn de Grutte nei 312 n.Kr., waard Sirta bekend as Konstantine. Nei it bemasterjen troch de Arabieren, is it bekend as Qusantina.

Sirta wie de haadstêd fan it keninkryk Numydje, dat bewesten it gebiet fan de Fenisyske koloanje Kartago lei, en dat in bûnsmaat fan de Romeinske Republyk wie yn de Punyske oarloggen. Yn 203 f.Kr. helle Skipio Afrikanus in grutte oerwinning foar Rome yn de Slach by Sirta. Nei de fal fan Kartago yn 146 f.Kr. yn de Tredde Punyske Oarloch bleau it keninkryk in ûnôfhinklike Romeinske bûnsmaat, al waard Romeinske ynfloed oangeande hannel en polityk grutter.

Nei't kening Misipsa yn 118 f.Kr. ferstoar bruts der in boargerkriich út tusken de kening syn soan Adherbal en syn oannommen soan Jugurta. Adherbal ferfear nei Rome en freegje dêr foar help. De Romeinske Senaat bemiddele dêryn en wist it keninkryk tusken de twa erfgenamten te ferpartsjen. Jugurta wie lykwols noch net alhiel tefreden en foel Sirta oan. Hy belegere de stêd dy't lang om let belies joech en Jugurta brocht Adherbal en de Romeinen dy't him holpen om it libben. Jugurta ferienige beide keninkriken fannijs yn ien Numidysk keninkryk. Dat makke guon Romeinske senaatsleden brûkel en Rome stjoerde in leger om Jugurta te bestraffen en dat late ta de Jugurtakriich. Jugurtha waard lang om let finzennommen en nei Rome brocht dêr't er yn in finzennis ferstoar troch ferhongering. Syn healbroer Gauda waard kening fan in lytser Numydje dat pas yn 46 f. Kr. in Romeinske provinsje waard.

Sirta bloeide yn de earste iuw f.Kr. fannijs op en de stêd hie in grut ferskaat oan ynwenners: lânseigen Numydjers, Kartaachske flechtelingen, Grykske, Romeinske en Italyske hannelslju. De stêd waard in wichtich hannelssintrum foar de Romeinen wylst it noch bûten de grinzen fan de Romeinske Republyk lei.

Sirta kaam yn 46 f.Kr. ûnder Romeinsk bestjoer doe't Julius Caesar Noard-Afrika oermastere. Publius Sittius waard hjitten en romanisearje it lânseigen folk. Syn manlju, Sittianen neamd, wiene Kampanjaanske legionêren dy't fan Rome kontrôle oer Sirta en omkriten krigen.

Tagelyk mei de koloanjes Rusikade, Milevum en Chullu foarme Sirta in autonoom gebiet yn Africa Nova. Yn 27 en 26 f.Kr. waard it bestjoer fan it gebiet ûnder keizer Augustus herfoarme. Sirta waard yn pagi ferdield, dêr't de Numydjers fan de Sittianen en oare Romeinen skaat waarden.

Sirta waard ien fan de wichtichste stêden yn Romeinsk Afrika en waard beskerme troch de limes Fossatum Africae. Oan de ein fan de twadde iuw n.Kr. hie de stêd likernôch 50.000 ynwenners. It iere kristendom wie al rillegau warber yn de stêd en Sirta waard it sit fan in bisdom. Yn 305 waard de Synoade fan Sirta holden om in nije biskop te beneamen, mar dat late ta it delslaan fan it donatisme. Nei it opheffen fan de konfederaasje fan koloanjes yn de fjirde iuw ûnder keizer Diokletianus waard Sirta de haadstêd fan de nij foarme provinsje Numidia Cirtensis.

Yn 310 waard de stêd ferwoastge yn de boargerkriich tusken keizer Maksintius en Domitius Aleksander. Keizer Konstantyn de Grutte boude de stêd yn 312 fannijs op nei't er Maksintius ferslein hie yn de Slach by de Milvyske Brêge en werneamde de stêd nei himsels, Constantina. Konstantyn makke de stêd as haadstêd fan Romeinsk Numydje. Yn 320 waard de biskop fan Sirta derfan beskuldige dat er kristlike skriften oan de autoriteiten oerhandige hie (Latyn: traditio) by de kristenferfolgings troch Diokletianus, dy't yn 303 yn Sirta úteinsetten. Biskop Silvanus wie in donatist en waard troch Domitius Senofilus, de konsularis en prokonsul fan Afrika, berjochte.

Yn 412 wie der in oare wichtige kristlike konsylje yn Sirta, dy't foarsitten waard troch de hillige Augustinus fan Hippo. Doe't de Fandalen yn 430 Sirta oermasteren wie de stêd folslein Latynsktalich en kristlik.

Under de Byzantynske keizer Justinianus I waarden de muorren fannijs om de stêd hinne boud en wie de stêd de haadstêd fan de regio mei in dux as haad. Yn 697 oermasteren de Arabieren de stêd. Nettsjinsteande dat de Arabieren in soad Romeinske, Fandaalske en Byzantynske stêden ferwoastgen, lieten se Konstantine suver gewurde, al yn in lytsere foarm. Der bleau in lytse kristlike mienskip oant yn de tsiende iuw yn de stêd wenjen.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.