Sjanet Wijnia (Wommels?, 1999) is in Frysk keatster. Anno 2018 hie hja twa kear Frouljus-PC wûn en de Ald-Meiers Partij en de Jong Fammepartij elts ien kear. Behalven oan keatsen docht Wijnia, dy't al sûnt har pjuttetiid diabetes hat, ek oan follybal (yn it twadde team fan Follybalferiening Snits). Fierders studearret se (anno 2018) medyske byldfoarming en radioterapeutyske techniken oan 'e Ryksuniversiteit Grins.[1][2][3]

Sjanet Wijnia
sporter
persoanlike bysûnderheden
echte namme Sjanet Wijnia
nasjonaliteit Nederlânsk
bertedatum 1999
berteplak Wommels? (Fryslân)
etnisiteit Frysk
sportive ynformaasje
sport keatsen
debút 2010
wichtige prestaasjes
Frouljus-PC: 2× earste plak + 1× keninginne
Ald-Meiers Partij: 1× earste plak
Jong Fammepartij: 1× earste plak
NK Dames (keatsen): 1× earste plak

Libben en karriêre bewurkje seksje

Wijnia waard yn 1999 berne as de dochter fan Jappie Wijnia, dy't yn syn jonkheid ien fan 'e bêste spitsen wie dy't fuotbalklub SDS ea hân hat. Sport siet har dus yn it bloed, soe men sizze kinne. Wijnia begûn al jong mei keatsen. As famke hie se de smoar yn as se ferlear; dan wie se net te geniten. Yn 2010 wûn se mei û.o. har bêste freondinne Martzen Deinum it NK keatsen foar famkes. Letter skreau se ek de Ald-Meiers Partij yn Hitsum en de Jong Fammepartij yn Mantgum op har namme.[2]

Yn 2017 wûn Wijnia yn 'e mande mei Louise Krol en Imke van der Leest de Frouljus-PC yn Weidum. Teffens waard se op dy keatspartij ta keninginne útroppen.[1][2][3] Oan it begjin fan it keatsseizoen fan 2018 krige Wijnia it oanbod om opnommen te wurden yn it partoer fan Ilse Tuinenga en Manon Scheepstra, dat op dat stuit fierwei it sterkste partoer wie.[2] Hoewol't se earder ûnthjitten hie by Krol en Van der Leest bliuwe te sillen, wie dat foar de fanatike Wijnia in kâns dy't te goed wie om rinne te litten.[2] De oerstap nei it partoer Tuinenga en Scheepstra soarge foar in brek mei har âlde maten, en yn har eigen wurden foar "in soad gesoademiter."[2] Yn in fraachpetear mei de Ljouwerter Krante sei Wijnia dêr fierder oer: "Mar ik ha wol leard dat it yn it keatsen sa wurket. Je moatte foar jesels kieze. En dit wie oermacht. Ik hie spyt krigen as ik it net dien hie."[2]

Likegoed wie it net in maklik beslút, nammenste mear om't Wijnia yn har nije partoer omskeakelje moast fan liedster en foarynse nei folgelinge (fan Tuinenga) en achterynse. Mei dêrtroch begûn it keatsseizoen fan 2018 foar it partoer fan Tuinenga-en-dy ûnder de mjitte. Mar meitiid fûn Wijnia har plak en begûn se wer op har âlde nivo te keatsen.[2] Fan mids july ôf wûnen Tuinenga, Scheepstra en Wijnia trije haadklassewedstriden op rige. Op 22 augustus wûnen se ek de Frouljus-PC, wêrby't se yn 'e finale it partoer fan Anne Monfils, Margriet Bakker en (de troch migrêne hindere) Harmke Siegersma mei 2-5 en 4-6 fersloegen. Tuinenga waard ta keninginne útroppen.[1][2][3]

Ein juny 2019 behelle Wijnia troch de oerwinning fan har, Martzen Deinum en Hester Bruinsma op it NK Dames de saneamde Fjouwer Wimpels. Dat is in priis fan 'e KNKB dy't ynsteld is foar keatsters dy't de Ald-Meiers Partij, de Jong Famme Partij, it NK Dames en de Frouljus-PC wûn hawwe. Wijnia wie de fjirde keatster ea dy't de Fjouwer Wimpels wûn.[4]

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. 1,0 1,1 1,2 ――, Ilse Tuinenga: koningin van de Frouljus-PC, yn: van Wad tot Stad, 28 augustus 2018, s. 45.
  2. 2,0 2,1 2,2 2,3 2,4 2,5 2,6 2,7 2,8 Mast, Johann, Een herboren PC-koningin, yn: de Ljouwerter Krante, 22 augustus 2018, s. 17.
  3. 3,0 3,1 3,2 Vis, Suwarda, Ilse Tuinenga koningin PC, yn: de Frjentsjerter Krante, 29 augustus 2018, s. 21.
  4. Mast, Johann, "Kwestie Scheepstra" is Wommels op NK om het even, yn: de Ljouwerter Krante, 24 juny 2019, bylage Sport, s. 4-5.