Jong Famme Partij
De Jong Famme Partij is in keatswedstryd foar famkes en froulju fan 17 oant 21 jier (junioaren). Dizze partij wurdt elts jier op 'e lêste sneon fan juny of de earste sneon fan july holden yn it Fryske doarp Mantgum. It is in saneamde ôfdielingswedstryd, wat betsjut dat alle by de KNKB oansletten keatsferienings it rjocht hawwe om ien of mear partoeren foar de Jong Famme Partij yn te skriuwen. De wedstryd waard yn 2004 foar de earste kear ferkeatst op inisjatyf fan de Keatsferiening Jacob Klaver fan Mantgum. De organisaasje is yn 'e hannen fan 'e KNKB. Yn 2020 fûn de Jong Famme Partij fanwegen de pandemy fan it koroanfirus plak yn augustus.
Jong Famme Partij | ||
plak en tiid | ||
lân | Nederlân | |
provinsje | Fryslân | |
gemeente | Ljouwert | |
plak | Mantgum | |
holden yn | sportfjild | |
tiid fan it jier | ein juny / begjin july | |
bysûnderheden | ||
soarte evenemint | sport (keatsen) | |
bestean | 2004 – no | |
org. troch | KNKB | |
offisjele webside | ||
gjint |
De Jong Famme Partij heart mei de Ald-Meiers Partij yn Hitsum, de Frouljus-PC yn Weidum en it NK Dames fan it KNKB ta de wedstriden dy't meitelle foar de 'Fjouwer Wimpels' fan it frouljuskeatsen.
Winnerslist
bewurkje seksje- 2004 - Ferwert
- 2005 - Dronryp
- 2006 - Ie
- 2007 - Ie
- 2008 - Boalsert
- 2009 - Frjentsjer
- 2010 - Ie
- 2011 - Frjentsjer
- 2012 - Berltsum
- 2013 - Frjentsjer
- 2014 - Frjentsjer[1]
- 2015 - Frjentsjer
- 2016 - Frjentsjer
- 2017 - Wommels
- 2018 - Grins[2]
- 2019 - Grins[3]
- 2020 - Grins[4]
- 2021 - Mantgum[5]
- 2022 - Easterein
- 2023 - Makkum
- 2024 - Makkum
Beskermfrou
bewurkje seksjeOant har dea yn 2008 wie politika Anita Andriesen beskermfrou fan'e partij. Sûnt 2016 is Manon Scheepstra, dy't de partij al fiif kear wûn, de nije beskermfrou.[6]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|