Ald-Meiers Partij
De Ald-Meiers Partij is in keatswedstryd dy't alle jierren op 'e earste sneon fan augustus holden wurdt yn it Fryske doarp Hitsum. Der kinne allinne partoeren oan meidwaan dy't besteane út famkes yn 'e leeftyd fan 14 oant en mei 16 jier. Dêrmei is de Ald-Meiers Partij de froulike wjergader fan 'e Freulepartij yn Wommels. De wedstryd waard yn 2000 foar it earst holden en de organisaasje is yn 'e hannen fan 'e Hitsumer Keatsferiening De Iendracht. Yn 2019 wurdt it tweintichjierrich jubileum fan it evenemint fierd.
Ald-Meiers Partij | ||
plak en tiid | ||
lân | Nederlân | |
provinsje | Fryslân | |
gemeente | De Waadhoeke | |
plak | Hitsum | |
datum | 1e sneon fan augustus | |
bysûnderheden | ||
soarte evenemint | sportevenemint (keatsen) | |
bestean | 2000 – no | |
oprjochter | Pieter Winsemius | |
org. troch | K.F. De Iendracht | |
offisjele webside | ||
www.hitzum.com/ald-meiers-partij |
Skiednis
bewurkje seksjeDe grûnslach foar de oprjochting fan 'e Ald-Meiers Partij waard yn 1997 lein troch in keatsdemonstraasje dy't troch Keatsferiening De Iendracht organisearre waard op Westerhitsum, ta gelegenheid fan 'e famyljereüny fan it laach Winsemius. Dy famylje hat nammentlik syn woartels yn Hitsum. Om dyselde tiid hinne waard it frouljuskeatsen hieltyd wichtiger, en yn Hitsum wie dêr mear oandacht foar as yn 'e measte Fryske doarpen, om't Hitsum krekt in hiel sterk frouljuspartoer hie. Sadwaande bestie der al in idee foar de oprjochting fan in wedstryd foar famkes as tsjinfuotter fan wat de Freulepartij yn Wommels foar jonges is. Troch yntinsive gearwurking mei de eardere minister fan Miljeu Pieter Winsemius slagge it De Iendracht om sa'n wedstryd yndie fan 'e grûn te krijen. De earste edysje fan 'e Ald-Meiers Partij waard op 5 augustus 2000 ferkeatst.
Dielname
bewurkje seksjeDielname oan 'e Ald-Meiers Partij stiet iepen foar famkespartoeren fan alle by it KNKB oansletten keatsferienings. Eltse feriening mei ien partoer foar dizze partij ynskriuwe. Keatsters dy't de wedstryd al in kear wûn hawwe, meie net wer meidwaan. De regels foar dielname binne dêrmei fierhinne gelyk oan dy fan 'e Freulepartij yn Wommels.
Tradysjes
bewurkje seksjeMei it doel in toppartij te organisearjen is de Ald-Meiers Partij opset as in wedstryd mei tradysjes.
It lotsjen wurdt de deis tefoaren holden yn it doarpshûs fan Hitsum, en it wurdt dien troch de keninginne fan 'e Frouljus-PC fan in jier earder. Op 'e dei fan 'e partij komme de ferienings mei harren findels yn Hitsum. Se geane yn optocht nei it fjild, dêr't de spylsters foar de partij oan it publyk foarsteld wurde.
De winneressen winne klokjes, mei gouden klokjes foar de earste priis. De wikselpriis is de 'Sulveren Pong', oanbean troch de famyljes Winsemius en Fockema Adreae, neikommelingen fan twa meiers yn Hitzum. Dat is ek wêr't de namme fan 'e partij weikomt. De priis stelt in ponge foar sa't de meiers dy brûkten as se de hier betelje moasten. Ynsafier mooglik wurdt de útrikking fan 'e prizen ferrjochte troch in spesjale gast en de frou fan 'e kommissaris fan de Kening. Ta einbeslút wurde de winneressen troch it doarp riden yn in iepen reau lutsen troch Fryske hynders.
Status
bewurkje seksjeMei dizze opset is de Ald-Meiers Partij gau in wichtige partij yn it frouljuskeatsen wurden. Sadwaande wurdt de ôfdielingspartij fan Skettens sûnt 2002 oantsjut as de 'Revâns Ald-Meiers Partij'. De Ald-Meiers Partij heart mei de Jong Famme Partij yn Mantgum, de Frouljus-PC yn Weidum en it NK Dames fan it KNKB ta de wedstriden dy't meitelle foar de 'Fjouwer Wimpels' fan it frouljuskeatsen.
Winneressen fan 'e Ald-Meiers Partij
bewurkje seksjeHjirûnder in list mei de winneressen fan 'e Ald-Meiers Partij.[1]
jier | plak | keatsters |
---|---|---|
2000 | Boalsert | Fenna Zeinstra Leonie Zeinstra as in twafammepartoer |
2001 | Hallum | Nynke Ponne Janke Stienstra Jindra ten Kate |
2002 | Minnertsgea | Esther Groeneveld Jannine Klaver Maaike Joostema |
2003 | Ie | Klaske de Jong Sjoukje Visser Aukje van Kuiken |
2004 | Penjum | Marieke de Jong Maaike Osinga Maaike Wind |
2005 | Boalsert | Melissa van der Wei Afke Walstra Feikje Bouwhuis |
2006 | Goaiïngea | Wiljo Sybrandy Marije vd Meer as in twafammepartoer |
2007 | Easterein | Jildou Jorritsma Marije Hiemstra Anke Marije Pompstra |
2008 | Frjentsjer | Manon Scheepstra Rianne Vellinga Marit Kuperus |
2009 | Frjentsjer | Joukje Salverda Lisanne Moraal Iris van der Veen |
2010 | Grou | Renske Kalsbeek Marte Altenburg Nynke Sinnema |
2011 | Easterein | Tineke Dijkstra Martine Tiemersma Jelien Pompstra |
2012 | Minnertsgea | Nieke Wateler Jildou van Dijk Lusanne Klaver |
2013 | Peins | Hiske Zeinstra Marrit Zeinstra Leentsje Bootsma |
2014 | Wommels | Hedwich de Boer Martzen Deinum Sjanet Wijnia |
2015 | Makkum | Boukje-Ellen Bosma Lobke Vlasbloem Kim Dijkstra |
2016 | Wytmarsum | Sjoukje Stuiver Selma van der Molen Anneke Smid |
2017 | Easterein | Roelie Kroondijk Selma de Boer Jeska Terpstra |
2018 | Makkum | Anouk Smink Larissa Smink Chantal de Witte |
2019 | Warkum | Nynke Kuipers Naomi Wiersma Gerde Lycklama à Nijeholt |
2020 | oergien fanwegen de koroanafiruspandemy | |
2021 | Boalsert | Noa Elzinga Rixt Blanke Inge Blanke |
2022 | Dronryp | Iris Veltman Lisanne Scharringa Senne Idsardi |
2023 | Lollum-Waaksens | Britt Joustra Lisanne Venema Jeldau Koopmans |
2024 | Balk | Maren de Vries Brecht Renema Hendrika Stegenga |
Keppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
|