Sjouke Heins (Slochteren, 18 oktober 1943 - Grins, 26 novimber 2020) wie in Nederlânske keunstskilder.

Sjouke Heins
keunstner
Sjouke Heins (2018)
Sjouke Heins (2018)
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 18 oktober 1943
berteplak Slochteren
stoarn 26 novimber 2020 [1][2]
stjerplak Grins
wurkpaad
wurksum as keunstskilder
streaming Figuratyf, realisme, surrealisme
offisjele webside
Offisjele webside
RKD-profyl

Heins folge fan 1960 ôf oan in oplieding oan de Akademy Minerva te Grins. Hy makke lito's, seefdrukken, tekeningen en skilderijen yn in realistyske styl, faak ek mei surrealistyske kombinaasjes fan eleminten. Benammen de Grinslanner kij en loften binne in weromkommend tema yn syn wurk.

Fan 1965 oant 1967 eksploitearre er mei syn broer Galery Heins yn Grins, dy't him benammen rjochte op de promoasje fan jong Grinzer talint. Fan de iepeningen fan eksposysjes waarden faak bysûndere happenings makke. Sa waard yn novimber 1967 in eksposysje mei wurk fan Ger Siks, Wim van Veen, Olga Wiese, Henri de Wolf en Sjouke Heins iepene troch de ferneamde strjitsjonger Jan Roos. Roos krige dêr it troch de eksposearjende keunstners makke stripboek What happened to baby John oanbean, mei as haadpersoan Jan Roos, it sjongend symboal fan boartlike gloarje en feestlike kreativiteit.

Sûnt 1968 hie Heins syn atelier en galery yn Aduardersyl.

Wurk fan Sjouke Heins is ûnder oare te finen yn de iepenbiere kolleksje fan Ryksmuseum yn Amsterdam [3]

Utstallings (in kar)

bewurkje seksje
  • Sjouke Heins, Gert Siks, Wim van Veen, Olga Wiese, Henri de Wolf, What happened to baby John, 1967, stripboek yn eigen behear útjûn
  • Sjouke Heins, schilderijen, tekeningen, grafiek, 1990, ISBN 90 5294 019 3
  • Sjouke Heins, schilder met een knipoog, 2020, biografy yn eigen behear

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: