De skierroek (Corvus cornix) is in fûgel út de famylje fan de Kriefûgels.

skierroek
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift moskeftigen (Passeriformes)
famylje kriefûgels (Corvidae)
skaai krieën (Corvus)
soarte
Corvus cornix
Linnaeus, 1758
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet

Fryske nammen

bewurkje seksje

Oare Fryske nammen foar de Skierroek binne Blauwe Weesjonge, Skiere Krie as Skierkert.

De fûgel is nau besibbe oan de Swarte Krie, it is dan ek noch net dúdlik at de skierroek in aparte soarte is. Yn uterlik is der in grut ferskil, de swarte krie is hielendal swart wylst de skierroek in ljochtgrize rêch, boarst en búk hat.

Fersprieding

bewurkje seksje

De Skierroek komt foar yn Noard en East-Jeropa en it westen fan Aazje. De skieding mei it gebiet dêr't de Swarte Krie foarkomt leit yn Dútslân oan wjersiden fan de rivier de Elbe.

  Commons: Skierroek – foto, fideo en harktriemmen