Slach by Adrianopel (313)

De slach by Adrianopel wie in fjildslach tusken in lyts legerke fan Lisinius en dat fan Maksiminus II Daia, dy't plak fûn nei de oerwinning fan Konstantyn de Grutte op de usurpator Maksentius. Lusinius wûn de slach.

Foarskiednis

bewurkje seksje

Yn 312, doe't Konstantyn de usurpator Maksentius oanfallen hie, wie Maksiminus II Daia op fjildtocht yn Syrje. Doe't hy hearde dat Lisinius him ferbûn hie mei Konstantyn brûts hy syn ekspedysje ôf en gie werom nei Bitynje. Lulk oer de dea fan Maksentius stuts er yn april 313 de Bosporus oer en ferovere Byzantium nei in belis fan 11 dagen. Lusinius loek tsjin him te stride, ek al beskikte hy op dat stuit oer net mear as 30.000 soldaten. It leger fan Maksminus Daia lykwols bestie út wol 70.000 man.

Ferrin fan de fjildslach

bewurkje seksje

Op 30 april kaam it ta in gefjocht yn de omkriten fan Adrianopel yn Traasje. Daia's troepen wienen ferswakke en moasten flechtsje. Maksiminus Daia flechte ferklaaid as slaaf. Hy hope troch it bouwen fan fersterkings by de trochgongen fan it Taurusberchte syn tsjinstanner te stopjen, mar dat bliek net genôch, want letter yn dat jier waard hy deade en begroeven by Tarsus. Lisinius naam de gebieten fan Maksentius oer.