Slach by Compiègne
De Slach by Compiègne waard striden op 26 septimber 715 in it wâld fan Pikardje tichtby Compiègne en wie it earste echte treffen fan de boargeroarloch dy't folge op de dea fan Pippyn fan Herstal, hofmeier fan de Franken, op 16 desimber 714.
De Frankyske kening Dagobert III hie Ragamfred as opfolger fan Pippyn ta hofmeier beneamd. Dat wie yn striid mei de kar fan Pippyn, dy't syn pakesizzer Teudobald as opfolger hawwe woe en soe de wichtichste reden wêze dat de Frankyske boargerkriich útbruts. Nei in koarte tarieding foelen de legers fan beide opponinten inoar oan en rekken slach yn de wâlden fan Pikardje, tichtby de stêd Compiégne. Yn de striid hie Ragamfred de oerhân en waard Teudobald ferslein, dy't werom flechte nei syn beppe Plektrudis yn Keulen.
Neffens it Liber Historiae Francorum, ferlear Teudobald syn "ûnskuldich libben" al gau dêrnei, mar oare boarnen wize derop dat hy noch in protte jierren libbe hat. Wat der ek fan wier wêze mei, Karel Martel, de basterdsoan fan Pippyn, ûntsnapte út de finzenis dêr't Teudobald him fêstsetten hie en kening Dagobert III stoar koart dêrnei. De nije kening, Gilperik II, stelde op 'e nij de Ragamfred oan as hofmeier, waans macht troch de eallju fan Neustrje befêstige waard, wylst de notabelen fan Austraasje Karel Martel ferkeazen.