Frankyske Boargeroarloch

(Trochferwiisd fan Frankyske boargerkriich)

De Frankyske Boargeroarloch of Frankyske Boargerkriich wie fan 715 oant 718 en wie it gefolch fan de dea fan hofmeier Pippyn fan Herstal op 16 desimber 714. Yn dizze oarloch waard striid levere troch ferskillende legers fan de pakesizzer en opfolger Teudobald fan Pippyn, syn widdo Plektrudis, syn basterdsoan Karel Martel, Ragenfrid dy't him opfolge as hofmeier yn Neustrje en de nije kening Gilperik II. Ek in Frysk leger ûnder lieding fan Redbad wie by de oarloch belutsen.

It Frankyske Ryk yn it tiidrek fan it ferstoarn fan Pippyn fan Herstal.

Yn de oarloch wie sprake fan ferskillende belangen en koalysjes. Rûchwei besjoen stie it noardeasten fan it lân Austraasje tsjinoer de rest fan it lân Neustrje en Boergonje, wêrby't de erfgenamten fan Pippyn fan Harstal in wichtige rôle spile. De widdo fan Pippyn, Plektrudis mei har beppesizzer Teudobad tsjinoer Karel Martel, de bastertsoan fan ferstoarne hofmeier. In tredde partij wie kening Gilperik II mei hofmeier Raganfred oan syn side dy't eigen belangen hienen. De Fryske kening Redbad kin beskôge wurde as in fjirde party. As gelegenheidspartner fan de Neustrjes folge hy syn eigen aginda.

De boargeroarloch waard lang om let beslist yn it foardiel fan Karel Martel.

De oanlieding

bewurkje seksje

De eallju yn Neustrje en Boergonje seagen troch de dea fan hofmeier Pippyn fan Herstal kâns harren te ûntdwaan fan de Austrasyske dominânsje. Hja woenen werom nei de situaasje foardat Pippyn alle Frankyske gebieten ûnder ien bewâld feriene en woenen Ragenfrid as hofmeier hawwe. De Frankyske kening Dagobert III lit him troch de Austraasjers beynfloedzje en beslút Ragenfrid as syn nije hofmeier te keazen.

Yn Austraasje hie de frou fan Pippyn derfoar soarge dat Karel Martel útsletten wie foar de opfolging, en dat har minderjierrige beppesizzer Teudobald (soan fan Grimoald út in earder houlik) as opfolger beneamd wurden wie. Hy moast de nije hofmeier wurde, mei Plektrudis as regentes. Hja litte Karel finzen nimme en slute him op yn Keulen. As ûnderwilens de kar fan kening Dagobert bekend wurdt, lûkt Plektrudis har dêr neat fan oan, want sy stjoerd Teudobald mei in leger nei it suden ta om de kening op oare tinzen te bringen.

Slach by Compiégne

bewurkje seksje

Op 26 septimber 715 komt dat leger yn gefjocht mei de striidkrêften fan hofmeier Ragenfrid. Dizze Slach by Compiégne lûd it begjin yn fan de Frankyske boargeroarloch. Ragenfrid ferslaat yn dizze slach de jonge Teudoald dy't nei syn beppe yn Keulen werom flecht. Neffens de Liber Historiae Francorum stoar Teudoald fuort dêrnei, mar oare boaren melde dat hy noch in protte jierren dêrnei libben hat. Wat der ek fan wier is, Karel Martel wurdt út syn finzenis befrijd en kening Dagobert III komt te ferstjerren. Gilperik II wurdt nije kening en Ragenfrid bliuwt oan as hofmeier. Der ûntstie in situaasje, lykas op de kaart is werjûn (Akwitaanje wie yn dy tiid in ûnôfhinklike Frankysk hartochdom).

Ynfal troch de Friezen

bewurkje seksje

De Friezen ûnder harren kening Redbad, profitearren hiel bot fan de betizende situaasje dy't by de Franken ûntstien wie, troch de eardere Fryske gebieten dy't sy oan Pippyn ferlern hienen werom te oermasteren, wêrûnder de stêd Utert en omkriten. Ragenfrid sleat mei de Fryske kening in bûnsmaatskip en tegearre foelen harren legers Austraasje oan yn 'e Slach by Keulen. In part fan de Austrasyske eallju is betinken dat sy yn dizze drege tiid in folwoeksen hofmeier nedich hawwe, en befrije de Karel Martel, de basterdsoan fan Pippyn út syn finzenis. Hja hawwe lykwols net genôch tiid om in sterk leger by ien te sammeljen doe't de Friezen en Neustrjers oanfoelen.

It ferrin fan de oarloch

bewurkje seksje

Yn 716 foel Ragenfrid fanút it suden oan en kaam Rebad mei in float oer de Ryn oansetten. Beide legers moetsje inoar by Keulen dêr't Teudoald en Plektrudis harren ferskânst hienen. Karel besiket mei in yn de hast by ien skrappe leger de stêd noch te ûntsetten, mar moat him nei de earste skermutselingen al weromlûke. De ferdigeners moatte har oerjaan en Keulen mei de skatkist fan Austraasje falt yn hannen fan de oerwinners.

Slach by Amel

bewurkje seksje

Nei de ferovering fan Keulen wie Karel by steat om snel syn slach te slaan. It Neustryske leger en in part fan de Friezen lutsen troch de Ardennen op wei nei hûs doe't Karel ynienen oanfoel. Harren mienskiplike leger wie noch hieltyd grutter as dat fan Karel, mar troch ferrassing en list (hy die krekt oft syn leger op de flecht sloech, dêr't hy in efterfolging fan syn tsjinstanner by útlokke, dy't hy ferfolgens yn in mûklaach wist te lokken) de Slach by Amel yn syn foardiel te beslissen. By dizze oerwinning foel ek it grutste part fan de Austrasyske skatkiste yn hannen.

Slach by Vincy

bewurkje seksje

De nederlaach by Amels kaam hurd oan by Gilperik en Ragenfrid, sy wurde twongen harren werom te lûken nei Neusterje. Karel Martel, dy't in taktysk wûnder wie, gie net fuort yn de tsjinoanfal, mar wreidet earst syn leger fierder út mei mear kriichslju en riedt him goed ta foardat in fjildtocht útein set. Yn 717 acht er him sterk genôch en lûkt it inisjatyf foarfêst nei him ta as er de striid nei it suden ferpleatst. By Slach by Vincy, tichteby it tsjintwurdige Kameryk boekt er op 20 maart dat jier in beslissende oerwinning tsjin de Neustjers. Hy efterfolget de ferslaggen Gilperik II mei syn hofmeier oant de stêd Parys. Dêrnei keart hy werom nei it noarden, ferslaat de oanhing fan Plektrudis en oermastert Keulen. Ferfolgens set er in oare Merowinger, Klotarius IV op de troan en ropt dizze út ta kening fan it hiele ryk, mei himsels as hofmeier.

Slach by Soissons

bewurkje seksje

De ferslaggen Gilperik en Ragenfrid krije fan Karel hjirtroch de tiid harren te fersterken. Dat dogge sy troch de help fan Odo fan Akwitaanje yn te roppen. Mei him slute sy in alliânsje tsjin Karel Martel en mei in nij tariede leger geane sy rjochting Soissons, dêr't sy it leger fan Karel oantreffe en yn gefjocht mei reitsje. Yn dizze fjildslach (de Slach by Soissons wurde sy op 'e nij ferslaggen troch Karel. Odo flecht werom nei syn hartochdom en levert yn ruil foar frede Gilperik en Ragenfrid út oan Karel. Odo erkende Karel as de rjochtmjittige hofmeier en Karel erkende Odo as hartoch. Opmerklik is dat Karel al de tsjinstanners neidat er dizze ferslein hie fierders gewurde litte.

Gefolgen en neisleep

bewurkje seksje

Neidat de Frankyske boargeroarloch einige wie, hie Karel Martel de allinnichhearskippij ferkrige oer it hiele Frankyske Riik. It wie foar it earst dat alle macht by ien hofmeier berêste. Hjirmei lei er de grûnslach foar de dynasty fan de Karolingen dy't fan 751 ôf ek de keningen fan de Franken levere soenen. Sels naam Karel net de titel fan kening, mar as hofmeier hâlde hy wol de feitlike macht yn hannen.

Doe't er al syn fijannen yn it Frankyske ryk ferslein hie rjochte Karel syn oandacht earst op noarden, dêr't it ryk fan syn Fryske tsjinstanner Redbad fêstige wie. Nei de dea fan kening Redbad yn 719 fersloech hy frij ienfâldich de Friezen en ferovere Fresia Citerior werom. It oare part fan Fryslân Fesia ulterior waard troch him oant en mei it Fly anneksearre.