Slach by Piasenza (456)

De slach by Piasenza wie in fjildslach tusken twa Romeinske legers. It iene leger waard laat troch keizer Avitus, it oare stie ûnder befel fan de opstannige generaals Risimer en Majorianus. De slach wie healwei oktober 456 yn Itaalje tichteby de stêd Placentia, it tsjintwurdige Piasenza.

Yn 456 wie it Romeinske ryk yn kriich mei it Fandaalske ryk yn Afrika. De striid ferrûn teloarstellend foar de Romeinen. De Fandalen blokkearren de haven fan Rome, dat foar har fiedselfoarsjenning foar it meastepart ôfhinklik wie fan nôt út Afrika - hongersneed úntstie.

Keizer Avitus ferbliuw yn Rome en hie dêr te krijen mei ûntefreden ynwenners. Fierders krige hy ek noch spul mei it leger omdat er net oer genôch baar jild beskikte. Dêrom moast er alle brûnzen stêdsbylden omsmeie om de soldij fan de soldaten betelje te kinnen. By it folk hie Avitus nea bysûnder populêr west en de maatregels dy't er trof, makken dat net better. Risimer en Majorianus, dy't beide generaals wienen fan it Romeinske leger, makke tankber gebrûk fan dizze situaasje troch yn opstân te kommen.

De fjildslach

bewurkje seksje

Avitus flechte nei Arles en besocht sa gau mooglik in nij leger op 'e bien te krijen. Hy koe dêrby net rekkenje op help fan syn bûnsmaten de Fisigoaten, omdat harren kening Diderik II op dat stuit foar it Romeinske ryk op fjildtocht wie yn Spanje tsjin de Sueven. Avitus rette syn leger sa goed mooglik ta en kearde werom nei Itaalje.

Lykwols wie it opstannige leger gâns sterker as dat fan Avitus. Tichteby Piasenza rekken de legers mei inoar yn gefjocht en wie it leger fan Avitus de mindere partij. Avitus soe de slach ferlieze en syn leger waard op de flecht jage. Hy sels waard finzen nommen, mar syn libben bleau besparre. Op 17 of 18 oktober waard hy biskop makke fan Piasenza. Mar omdat er net alhiel seker wie oft er wol yn libben bliuwe soe, flechte hy fuort nei Galje. Hy kaam underweis te ferstjerren. Mei stipe fan Risimer waard Majorianus op 1 april 457 ta nije keizer fan it West-Romeinske ryk makke.