Slach oan de Sava

(Trochferwiisd fan Slach oan de Save)

De Slach oan de Sava fûn plak yn 388 tusken de legers fan de Romeinske keizers Magnus Maksimus en Teodosius. De slach waard wûn troch Teodosius.

Yn de simmer fan 387 wie Maksimus, in Romeinske tsjin-keizer, dy't hearske oer de Romeinske gebieten Brittanje, Galje en Spanje, Itaalje ynfallen om in ein te meitsjen oan it keizerskip fan Falentinianus II. De keizer fan it Easten Teodosius, dy't mei grutte wjerstân him akseptearre hie as mei-keizer yn it Westen, sammele in grut oanfalsleger byinoar en luts op om tsjin Maksimus te striden. Sawol oer it lân as op 'e see waard dizze oanfallen.

Oan de rivier de Sava, by de stêd Emona yn tsjintwurdich (Kroaasje), rekken beide legers mei inoar yn gefjocht. Maksimus, waans troepen yn de minderheid wiene, waarden tebek dreaun en moasten harren weromlutsen yn de stêd Aquileia. Tsjin de oermacht dêr't er mei te krijen hie wie it foar Maksimus en syn oerbleaune troepen net te dwaan om te stêd genôch te ferdigenjen. Al gau waard Aquilea troch Teodosius ynnommen en joech Maksimus him oer.