Slach op de Menamermieden

(Trochferwiisd fan Slach op de Menamer Mieden)

De Slach op de Menamermieden fûn plak op 18 augustus 1397. It wie in gefjocht tusken de Skieringers en Fetkeapers, dat troch de Skieringers wûn waard. De Skieringers waarden oanfierd troch Sikke Dekema en Gale Hania, wylst de Fetkeapers ûnder befel stienen fan Ode Botnia.

De oanlieding ta de slach wie de ferwoasting fan de Skieringer stinzen fan de haadlingen Sikke Dekema en Gala Hania yn Weidum. Beiden haadlingen hienen in skoftlang yn it bûtenlân west om as hierlingen yn it leger te tsjinjen. By weromkomst fûnen hja harren bûtenpleatsen ferwoaste troch de Fetkeapers.

De legers troffen inoar op de Menamermieden tusken de doarpen Marsum en Dronryp en rekken yn gefjocht. Yn de slach, dêr't it der tige bluodrich om wei, hienen de Skieringers de oerhân en moasten de Fetkeapers mei grutte ferliezen ôftaaie.