Slange-earnfûgels
De slange-earnfûgels (Circaetinae) binne in ûnderfamylje fan rôffûgels út de famylje fan de haukfûgels (Accipitridae). De ûnderfamylje hat 5 skaaien en 15 soarten.
Slange-earnfûgels | ||
slange-earn (Circaetus gallicus) | ||
Taksonomy | ||
klasse: | fûgels (Aves) | |
boppeskift: | nije fûgels (Neoaves) | |
rangleas: | bitterfûgels (Afroaves) | |
skift: | haukeftigen (Accipitriformes) | |
famylje: | haukfûgels (Accipitridae) | |
ûnderfamylje: | slange-earnfûgels (Circaetinae) | |
De measte soarten fan dizze ûnderfamylje binne spesjaliseare yn slangen en gerskrûpers as fiedsel. De slange-earnfûgels binne middelgrutte oant tige grutte rôffûgels mei brede wjukken en in grutte kop. Se hawwe in lichemslingte fan 40 oant 100 cm en in wjukspanwiidte fan 100 oant 200 cm. De lytste slange-ean is de bedrige Nikobaarske slange-earn, de grutste de Afrikaanske brune slange-earn. Noch grutter is de Filipynske ape-earn, dy ‘t noch mar resint ta de slange-earnfûgels rekkene wurdt. Mei útsûndering fan de Jeropeeske of ‘gewoane’ slange-earn (Circaetus gallicus) binne de slange-earnfûgels tropyske of subtropyske fûgels.
Taksonomy
bewurkje seksje- Ûnderfamylje: slange-earnfûgels (Circaetinae)
- Skaai: Aziatyske slange-earnen (Spilornis), 6 soarten:
- toefslange-earn (Spilornis cheela)
- Nikobarslange-earn (Spilornis klossi)
- berchslange-earn (Spilornis kinabaluensis)
- Selebesslange-earn (Spilornis rufipectus)
- Filipynske slange-earn (Spilornis holospilus)
- Andamanenslange-earn (Spilornis elgini)
- Skaai: ape-earnen (Pithecophaga), 1 soarte:
- ape-earn (Pithecophaga jefferyi)
- Skaai: Madagaskarslange-earnen (Eutriorchis), 1 soarte:
- Madagaskarslange-earn (Eutriorchis astur)
- Skaai: Kongoleeske slange-earnen (Dryotriorchis), 1 soarte:
- Kongoleeske slange-earn (Dryotriorchis spectabilis)
- Skaai: slange-earnen (Circaetus), 6 soarten:
- slange-earn (Circaetus gallicus)
- Sahelslange-earn (Circaetus beaudouini)
- swartboarstslange-earn (Circaetus pectoralis)
- brune slange-earn (Circaetus cinereus)
- dûbelbânslange-earn (Circaetus fasciolatus)
- bânslange-earn (Circaetus cinerascens)
- Skaai: bateleurs (Terathopius), 1 soarte:
- berchhoanne of bateleur (Terathopius ecaudatus)
- Skaai: Macheiramphus, 1 soarte:
- fleermûsglee (Macheiramphus alcinus) (alternative yndieling: Elaninae of Harpinae)
- Skaai: Aziatyske slange-earnen (Spilornis), 6 soarten: