Sobibór is in doarp yn de Poalske woiwodskip Lublin. It plak heart ta de gemeente Włodawa en leit sa'n 80 km bewesten de haadstêd fan de regio, Lublin. Yn 2011 wennen dêr 491 minsken.

Sobibór
Kapel yn Sobibór
Kapel yn Sobibór
Polityk
Lân Poalen
Gemeente Włodawa
Woiwodskip Lublin.
Sifers
Ynwennertal 491 (2011)
Hichte 163 m
Oar
Postkoade 22-231
Tiidsône UTC+1
Simmertiid UTC+2
Kaart út 1932 fan Sobibór en it stasjon

Ut de skiednis bewurkje seksje

Yn de Twadde Wrâldoarloch wiene yn de omkriten fan it doarp ferskate lytse nazi-wurkkampen, ek yn Sobibór sels[1]. Dy kampen waarden stichte foar slaven dy't de rin fan streamkes regulearje moasten. Under de Aksje Reinhard waard by it stasjon justjes besúdwesten it doarp, ferneatigingskamp Sobibór boud. In protte fan de twangarbeiders út de wurkkampen binne letter yn dat kamp fermoarde.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. http://www.deathcamps.org/sobibor/labourcamps_nl.html