Spartakus
Spartakus wie in Romeinske slaaf, dy't in grutte slaveopstân late dy't fan 73 f.Kr. oant 71 f.Kr. duorre hat. Syn leger fan ûntsnapte gladiatoren en slaven fersloech it Romeinske leger yn ferskate fjildslaggen.
Guon boarnen ûnderstelle dat Spartakus in finzen soldaat of deserteur wie dy't letter in skoft yn it Romeinske leger tsjinne. Wierskynlik tsjinne Spartakus frijwillich yn it Romeinske leger.
Yn 73 f.Kr. ûntsnapte Spartakus mei 70 à 80 oaren út in skoalle foar gladiatoren dy't eigendom wie fan Lentulus Batiatus. Hy flechte nei de Vesuvius yn de omkriten fan Napels. Dêr boude er in leger op fan nei skatting 70.000 slaven dy't ûntkaam wienen.
Dat leger fersloech twa Romeinske legioenen dy't derhinne stjoerd waarden om de opstân te ûnderdrukken. Yn de winter dêrop folgjend ried it leger fan Spartakus him ta op in nije kriich. It wie útgroeid ta in bonte kloft folgelingen, dêr't ek froulju, bern en lju op jierren by sieten. Yn de maaitiid marsjearre syn mânske legerk rjochting Galje. Underweis waarden nochris trije Romeinske legioenen ferslein.
Nei alle gedachten wie Spartakus oarspronklik fan doel nei Galje te gean, mar letter feroare hy syn plannen. Dat barde mooglik ûnder druk fan syn folgelingen. Der binne boarnen dy't beweare dat in part fan it Slaveleger yndie de Alpen oerluts, mar it grutste diel fan Spartakus' leger gie nei it suden. Underweis waard nochris in Romeinsk leger besteande út twa legioenen en laat troch Krassus ferslein. Krassus wie destiids de rykste man fan Rome.
Neidat er in oerienkomst sletten hie mei Silisyske piraten, woe Spartakus nei Sisylje gean. Krassus liet lykwols 8 legioenen oanlûke om it leger fan Spartakus yn te sluten. De Romeinske Senaat liet ek de legeroanfierders Pompejus en Lusullus weromkomme fan respektivelik it Iberysk Skiereilân en noard-Turkije.
It slagget Spartakus troch de linys fan Krassus hinne te brekken en te ûntsnappen yn de rjochting fan Brundisium (hjoeddeiske namme Brindisy). Krassus hellet it leger fan Spartakus lykwols yn. Yn de slach dy't derop folget waard Spartakus deade.
Neffens oare boarnen wie Spartakus yn de fjildslach licht ferwûne en finzen naam. Ungefear 6000 finzen slaven (wêrûnder Spartakus) waarden oan de 200 kilometer lange Via Appia fan Capua nei Rome krusige. Harren lichems hawwe noch jierren dêrnei lâns de wei hongen as warskôging.
Film
bewurkje seksje- Stanley Kubrick makke 1960 de film Spartacus mei Kirk Douglas yn de haadrol. Syn tsjinspiler wie Laurence Olivier (yn de rol fan Krassus). Fierders dienen ûnder oaren Tony Curtis en Peter Ustinov mei.
- Yn 2004 waard it ferhaal fan Spartakus nochris ferfilmd as minirige foar tv (Spartakus). Diskear mei Goran Visnjic yn de haadrol en as tsjinspiler Angus Macfadyen as Crassus.
- Yn 2010 ferskynde de Amerikaanske dramarige Spartacus: Blood and Sand. Dy fral draait om it libben fan Spartakus foar hy syn ferneamde opstân útein sette.
- In 2011 ferskynde de Amerikaanske minirige Spartacus: Gods of the Arena. Dy is fral wijd oan de groei fan de gladiator Crixus foardat Spartakus sels yn it hûs fan Batiatus kaam.
- Yn 2012 ferskynde de Amerikaanske rige Spartacus: Vengeance. Dy giet fierder op de foarfallen út Spartacus: Blood and Sand.
Sjoch ek
bewurkje seksje- Spartakusbûn, in Dútske kommunistyske organisaasje dy him nei Spartakus ferneamde.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Primêre boarne:
|