Spinozapreemje

(Trochferwiisd fan Spinozapremy)

De NWO-Spinozapreemje is de heechste Nederlânske wittenskipsûnderskieding. De preemje wurdt sûnt 1995 alle jierren útrikt troch de Nederlandse Organisatie voor Wetenschappelijk Onderzoek (NWO) oan Nederlânske ûndersiker dy't by de ynternasjonale top fan de wittenskip hearre.

De útrikkingsseremoanje yn 2017
De priiswinners yn 2006: Jan Zaanen, Ben Scheres, Jozien Bensing en Carl Figdor. Fierst rjochts NWO-direkteur Peter Nijkamp

De NWO-Spinozapreemje wurdt it jier takend oan maksimaal fjouwer wittenskippers. Eltse winner kriget in bedrach fan 2,5 miljoen euro, dat hielendal nei eigen doel bestege wurde mei oan nij ûndersyk. (It bedrach fariearre tusken 1995 en 2000 fan 2 oant 4 miljoen gûne en wie fan 2001 oant en mei 2008 1,5 miljoen euro). De priis is neamd nei de filosoof Baruch Spinoza.

Oant en mei 2017 wiene 69 priiswinners manlju en 16 froulju. De priis waard 61 kear útrikt oan in bêta-wittenskipper (biomedyske wittenskippen meirekkene) en 20 kear oan in alfa- of gamma-wittenskipper. De winners binne trochsneed 50 jier at se de priis takend krije.[1]

De folgjende persoanen hawwe dizze priis krigen:[2]

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. De ene beurs lokt de andere uit. Sjoen op 2017-06-17
  2. Spinoza Laureates, NWO, 2014-03-11