Spoar Tsjummearum - Frjentsjer
(Trochferwiisd fan Spoar fan Tsjummearum nei Frjentsjer)
It spoar Tsjumearum - Frjentsjer is de eardere spoar tusken Tsjummearum en Frjentsjer. Dit spoar waard op 1 oktober 1903 iepene, tagelyk mei in diel fan it spoar Stiens - Harns.
Yn it earstoan wie it de bedoeling dat it spoar yn Frjentsjer oanslute soe op it besteande Steatsline B tusken Ljouwert en Harns. Hjirfoar moast lykwols in brêge oanlein wurde oer de Harnzer Trekfeart. De plannen hjirfoar leinen klear, mar de oanlis wie djoer en de brêge soe yn in ûnoersjochtelike bocht fan it kanaal komme te lizzen.
Op 8 oktober 1933 waard it persoaneferfier staakt. In oantal jierren letter waard de hiele line opbrutsen.
-
Stasjon Frjentsjer Halte yn 2018.
-
Spoarbrêge oer de Seisbierrumer Feart yn Frjentsjer yn gebrúk als foetbrêge yn 2022
-
Stasjon Doanjum yn 2022
-
Stasjon Tsjummearum yn 2004.