Sportferiening Fryslân
De Sportferiening Fryslân (SF Fryslân), fêstige yn Sint-Jabik, is de grutste hurdrinferiening fan Noard-Nederlân. De Sportferiening is op 1 april 1980 oprjochte en is sûnt 1 maaie 1984 oansluten by de KNAU (Atletykuny). Wyls hat SV Fryslân mear as 700 leden en organisearret se mear as 30 rineveneminten yn Fryslân.
De earste aktiviteit fan SV Fryslân wie de Bildtske toerfytstocht op 1 maaie 1980 (500 dielnimmers) en op 1 novimber 1980 organisearre SV Fryslân de 50 km lange kuiertocht fan Harns nei Holwert oer de seedyk (36 dielnimmers). De tredde aktiviteit wie op 30 april 1981 wer de Bildtske toerfytstocht (470 dielnimmers). De folgjende aktiviteit wie de earste trimloop fan SV Friesland. Op 10 oktober 1981 gienen 70 hurdrinners mei min waar yn Seisbierrum fan start foar 2 – 5 – 10 of 20 km.
De grutste en bekendste binne de Amelânske Adventure Run en de Skylge Maraton Bearenrin. Oare rineveneminten fan SV Friesland binne: