Spurt Achterhoeke
Spurt is de namme fan it materieel fan Arriva, yn 'e tsjinst yn 'e Achterhoeke sûnt 2012.
Achterhoeke | ||
Spurt Achterhoeke | ||
Algemien | ||
Type | Stadler GTW 2/6 Stadler GTW 2/8 | |
Oantal | Stadler GTW 2/6:13 Stadler GTW 2/8:11 | |
Searje | 2/6: 10252-10264 2/8: 10365-10375 | |
Fabrikant | Stadler Rail | |
Yntsjinststelling | 2012 | |
Ferfierder | Arriva | |
Line(n) | Achterhoeke | |
Spoarbreedte | 1435 mm | |
Gewicht | 2/6: 71 ton 2/8: 91 ton | |
Breedte | 2,95 m | |
Hichte | 4,035 m | |
Uterste faasje | 140 km/o | |
Flierhichte | 780 mm | |
Doarren | 2/6: 4 2/8: 6 | |
Breedte doarren | 1300 mm | |
Sitplakken | ||
Tal sitplakken | 2/6: 111 2/8: 170 | |
Sitplakken 1e klasse | 2/6: 8 2/8: 8 | |
Sitplakken 2e klasse | 2/6: 84 2/8: 136 | |
Tal klapstuollen | 2/6: 16 2/8: 19 | |
Tal rolstoelplakken | 2 | |
Technyk | ||
Stroomsysteem | 1500 V | |
Fermogen | 600 kW | |
Koppeling | Scharfenberg |
Algemien
bewurkje seksjeYn de simmer fan 2010 waard bekend dat Arriva 24 diselelektryske treinstellen (trettjin GTW's 2/6 en alve GTW's 2/8) fan de fjirde generaasje besteld hat by Stadler Rail. De diselelektryske stellen wurde fan 9 desimber 2012 ôf ynset op de spoarlinen yn de Achterhoeke tusken Sutfen en Wintersyk en tusken Winterswyk en Arnhim, op de Feluwe tusken Sutfen en Apeldoarn en yn de regio Rivierelân tusken Arnhim en Tiel. Dy treinstellen binne foarsjoen fan in earste klasse, mar hawwe gjin húske. De treinstellen binne read mei in wite foarkant en hawwe wite doarren. Troch tapassing fan mear skuonkromte yn de kûpee-opstelling waarden fjouwer ruten yn it loerdiel grutter en it fyfde rút lytser.
ûnderhâld
bewurkje seksjeDe treinstellen krije harren ûnderhâld yn de wurkpleats yn Sutfen. Ek de treinstellen dy 't earne oars tydlik ynset wurde, bliuwe yn Sutfen harren ûnderhâld ûndergean.
Nammen
bewurkje seksjeElk treinstel is neamd nei in persoan dy't fan grutte betsjutting foar de regio (west) hat.
Stelnûmmer | Namme | Stelnûmmer | Namme | Stelnûmmer | Namme |
---|---|---|---|---|---|
10252 | Ottho Gerhard Heldring | 10253 | Herman Hulshof | 10254 | Simon Tahamata |
10255 | Harm Edens | 10256 | Piet Oudolf | 10257 | Harry Sacksioni |
10258 | Frans Godard van Lynden van Hemmen | 10259 | Peter Cuyper | 10260 | Ellen ten Damme |
10261 | Flipje | 10262 | Dames Jolink | 10263 | J.N. Daalderop |
10264 | Alfred Mozer | 10365 | Hendrik Antoon Lorentz | 10366 | Annemarie Jorritsma |
10367 | Guus Hiddink | 10368 | Arne Jansen | 10369 | Gijs Scholten van Aschat |
10370 | Piet Mondriaan | 10371 | Mary Dresselhuys | 10372 | Hannes |
10373 | Jhr. Huub van Nispen van Sevenaer | 10374 | Jan Terlouw | 10375 | Clemens Cornielje |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|