Ellen ten Damme (Warnsveld, 7 oktober 1967) is in Nederlânske sjongster en aktrise.

Ellen ten Damme
sjonger en/of muzikant
Ellen ten Damme yn 2012
Ellen ten Damme yn 2012
persoanlike bysûnderheden
echte namme Ellen ten Damme
nasjonaliteit flagge fan Nederlân Nederlân
berne 7 oktober 1967
berteplak Warnsveld
wurkpaad
sjongtaal Ingelsk, Spaansk, Dútsk
ynstrumint fioele, piano, gitaar
jierren aktyf 1988 – no
offisjele webside
www.ellentendamme.nl

Ellen ten Damme groeide op yn it Drintske doarp Roan. Se siet yn De Like op it Nienoordkolleezje op skoalle en studearre Nederlânsk oan de Ryksuniversiteit Grins. Dêrnei gie se nei in foaroplieding foar it konservatoarium yn Hilfertsom en de Kleinkunstacademie yn Amsterdam, dêr't se har talei op pianospyljen. Hja spilet ek fioele en gitaar.

Yn 2005, in jier nei har skieding, waard by Ten Damme boarstkanker konstatearre, en moast hja in operaasje en gemokuer ûndergean. Yn in ynterview yn it Algemien Deiblêd op 6 augustus 2011 joech se oan dat se genêzen ferklearre wie.

Sûnt juny 2010 set Ellen ten Damme har yn as ambassadrise fan Stichting B!NK, dy't him ynset foar bern yn net-westerske lannen. Yn 2011 waard se ambassadrise foar it Wrâld Natuer Fûns. Sûnt desimber 2012 hat Arriva Nederlân in trein nei har neamd. Dizze trein wurdt troch Arriva en troch Ellen sels ynsetten foar alderlei projekten.

Film- en telefyzjekarriêre

bewurkje seksje

Yn 1991 makke se har fimdebút yn Paul Ruven syn muzikale eineksamenfilm De tranen van Maria Machita. Se waard fuort nominearre foar de filmpriis Gouden Keal. Hja spile yn De kleine blonde dood de rol fan Dédé. Gruttere bekendheid krige se as it helpke Joosje yn de abbekaterige Pleidooi. Films as All Stars en No Trains No Planes folgen, krektas de kaskreaker foar jongerein Volle maan. Fierders spilet hja neist Huub Stapel yn reklamespotsjes foar "Zwitserleven". Ellen ten Damme hat ek in rol hân as it 'Reetenjongh' yn 'De Heeren van 'de Bruyne Ster fan Jiskefet. Yn 2009 hie se in lytsere rol yn de fideoclip fan Walibi Fright Nights Eddie's back in town. Ek spilet se in frijwat grutte rol yn de rige Mijn vader is een detective en ferskynde hja, neist ûnder oare Pierre Bokma, yn in ôflevering fan Dalziel and Pascoe.

Muzykkarriêre

bewurkje seksje
 
Ellen ten Damme

Ellen ten Damme sjongt ferskillende soundtracks fan films yn wêrûnder Honneponnetje. Hja song foar dizze film de single Trust In A Feeling yn ûnder de namme Ellen D. As sjongster treedt hja op mei de band Soviet Sex, dêr't ek de skilder Peter Klashorst diel fan útmakket. Solo hat hja seis albums útbrocht: Kill Your Darlings (1995), I Am Here (2001), Impossible Girl (2007), Durf jij? (2009), het Regende Zon (2012) en Berlin (2014). Yn 2002 hie hja in hit mei it nûmer Vegas, wêryn se yn de klip, klaaid yn in troujurk, tutet mei Katja Schuurman.

Ten Damme is tige bekend yn Dútslân troch rollen yn in soad (telefyzje)films. Hja praat en sjongt suver aksintleas Dútsk. Op 12 maart 2005 die Ten Damme mei oan it troch Udo Lindenberg komponearre Plattgeliebt oan de foarrondes fan it Dútske Nasjonale Sjongfestival dat se net wûn. De titel fan it liet wie ynearsten Plattgefickt ('platneukt'), mar fan hegerein waard har freonlik mar twingend frege om de titel te feroarjen, en waard it Plattgeliebt. It liet is in anty-oarlochsliet rjochte tsjin de Amerikaanske presidint Bush en syn belied oangeande Irak. Ten Damme wie ek te sjen yn in filmke dat ôfspile waard by it optreden fan Rowwen Hèze doe't dy harren single Klompendans spilen. It filmke sloech ttige oan.

Tsjintwurdich tredet Ten Damme meast op mei har live-band besteande út Robin Berlijn, Dick Brouwers, Baz Mattie en Diederik Nomden. Op it Nederlânske lûk fan it festival Live Earth fan 7 july 2007 trede se solo op. By de teätertournee troch Nederlân, mei as titel Von Kopf bis Fuss, song Ellen ten Damme net allinnich de rocknûmers fan har resintste cd, mar ek Dútsktalige nûmers fan Bertolt Brecht, Kurt Weill, Marlene Dietrich (wêrby't se krektas Dietrich in hege hoed opsette) en Nina Hagen, mar ek de net-sensurearre ferzje fan Plattgefickt. Op 9 novimber 2007 begûn Ellen oan har clubtour, de Impossible Girl Clubtour, dy't oant 20 jannewaris 2008 duorre. Dizze sjo bestie út ôfwikseljend rock en bedêste nûmers. Se spile nûmers fan har cd Impossible Girl, mar ek fan twa aldere cd's, I Am Here (2001) en Kill Your Darlings (1995).

Yn it ramt fan it Carré WereldZomerFestival hat Ellen ten Damme fan 5 oant en mei 30 augustus 2009 optreden yn de spesjaal om har makke ynternasjonale sirkussjo Cirque Stiletto. De rezjy wie yn hannen fan Stanley Burleson. Dêrnei folge de teätertour Durf jij? mei de lykneamde cd. Hjiryn sjongt hja Nederlânsktalige lietsjes dy't skreaun binne troch ûnder oaren dichter Ilja Leonard Pfeijffer. Foar de beide foarstellings krige se datselde jier de Gouden Nutekreaker. De cd kaam út op 13 novimber 2009 en waard yn it neijier fan 2010 goud.

Yn 2010 die Ten Damme ek mei oan it twadde seizoen fan it EO-programma De Mattheus Masterclass wêryn net-klassyk oplate artysten in diel fan Bach syn Matthäuspassion útfiere yn de St. Fitustsjerke yn Hilfertsom. Ek wie hja model foar Mey.[1]

Yn 2016 hie hja de rol fan Marije yn it muzykevenemint The Passion fan 2016 yn Amersfoort.

Yn 2018 spile se de rol fan sigeunerinne yn it muzykteater De Stoarmruter dat yn Ljouwert opfierd waard by gelegenheid fan Kulturele Haadstêd fan Jeropa 2018.

Yn 2019 sette de teätertoer Casablanca útein. Op 20 desimber 2019 ferskynde it album mei deselde namme.

  • Casablanca (2019)
  • Paris (2017)
  • Alles draait (2015)
  • Berlin (2014) [2]
  • Het regende zon (2012)
  • Durf jij? (2009)
  • Impossible girl (2007)
  • I am here (2001)
  • Kill your darlings(1995)
  • Más Caliente in Magnetron (2020)
  • Het regende zon (2012)
  • Wat is dromen (2010)
  • Vegas (2002)
  • It ain't easy (2001)
  • Miss you (2001)

Filmografy (karút)

bewurkje seksje
 
Ellen ten Damme
  • Tatort (telefyzjerige, 2019, ôfl. "Die ewige Welle") - Frida de Kuyper
  • Smurfs: The lost village (stim, 2017) - Smurfstoarm
  • The Passion (telefyzjerige, 2016) - Marije
  • Flikken Maastricht (telefyzjerige, 2014, ôfl. Mineur) - sjongster Valerie
  • De TV Kantine (komeedzjerige, 2010, gastrol yn ôfl. "All you need is Kerst")
  • De hoofdprijs (telefyzje, 2009)
  • Blackwater Fever (Cyrus Frisch, 2008)
  • Castingx (2005)
  • Seventeen (2003, koarte film)
  • Interview (2003)
  • Tatort (telefyzjerige, SFB, 2002, ôfl. "Filmriss") - Kareen Brandner
  • Volle maan (film, 2002)
  • Cobra 11 (telefyzjerige, 2001)
  • Vergeef me (2001)
  • The Gas Station (2000, koarte film)
  • An Amsterdam Tale (1999)
  • No Trains No Planes (1999)
  • Combat (telefyzjerige, 1998, gastrol yn ôfl. 10 "Verdacht") - Marjolijn Kleyweg
  • Flodder (telefyzjerige, 1998, gastrol)
  • Windkracht 10 (telefyzjerige, 1998, gastrol yn ôfl. 15)
  • Die Musterknaben (1997)
  • All Stars (film) (1997)
  • Jiskefet (telefyzjerige, 1996, De Heeren van 'de Bruyne Ster') - Reetenjongh
  • Pleidooi (televyzjerige, 1993)
  • De kleine blonde dood (film, 1993)
  • De tranen van Maria Machita (1991, koarte film)
  • We zijn weer thuis (telefyzjerige, 1989-1994) - Bente Jaarsveld


  • De fideoclip by Stay waard makke troch filmregisseur Cyrus Frisch.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in grut part in oersetting fan de Nederlânske Wikipedia; sjoch foar de bewurkingsskiednis: nl:Ellen ten Damme


  1. Cosma Shiva Hagen lässt für Mey die Hüllen fallen
  2. Album 'Berlin' op aCharts.us