George W. Bush

(Trochferwiisd fan George Walker Bush)

George W. Bush (folút: George Walker Bush; New Haven (Konettikut), 6 july 1946) is in Amerikaansk sakeman en politikus fan 'e Republikeinske Partij, dy't fan 2001 oant 2009 de 43ste presidint fan 'e Feriene Steaten wie. Foartiid hied er fan 1995 oant 2000 gûverneur west fan 'e steat Teksas. Syn fise-presidint wie Dick Cheney, en hy wie de opfolger fan Bill Clinton, wylst er sels opfolge waard troch Barack Obama. Syn heit, George H. W. Bush, wie fan 1989 oant 1993 de 41e presidint fan de Feriene Steaten. Om him fan syn heit te ûnderskieden, wurdt George W. Bush eins altyd mei syn middelletter neamd. De oantsjuttings George Bush jr., George Bush de Jongere of, by túltsjes, as Baby Bush komme ek foar.

George W. Bush
politikus
echte namme George Walker Bush
nasjonaliteit Amerikaansk
bertedatum 6 july 1946
berteplak New Haven (Konettikut)
etnisiteit Dútsk
Frânsk
Iersk
Ingelsk
Nederlânsk
Skotsk
Tsjechysk
Welsk
partij Republikeinske Partij
Presidint fan de Feriene Steaten
amtsperioade 20012009
foargonger Bill Clinton
opfolger Barack Obama
Gûverneur fan Teksas
amtsperioade 19952000
foargonger Ann Richards
opfolger Rick Perry

Bush is berne yn Konettikut. Hy studearre oan de ferneamde Yale-universiteit dêr't syn heit ek studearre hie. Wilens syn stúdzje wie Bush al warber foar de Republikeinske partij.

Yn 1968 waard Bush reserve-offisier as piloat by de Texas National Guard. Dêrom soed er de rest fan syn karriêre bekritisearre wurde, omdat syn tsjinst net langernôch duorre hie en hy der faak net wie. Yn 1972 waard er oerpleatst nei Alabama, dêr't er meiwurkje koe oan de Republikeinske senaatskampanje. Yn 1974 krige er tastimming om seis moanne earder syn seisjierrige tsjinst dien te meitsjen en gie studearjen oan Harvard. Yn dy tiid hie Bush in alkoholprobleem. Bush hat letter tajûn dat er doe net in al te kreas libben libbe hat.

Nei't Bush syn MBA oan Harvard helle hie, gie er de oalje-yndustry yn. Yn 1977 waard er troch freonen yn 'e kunde brocht mei Laura Welch, dy't yn dy tiid dosint wie en yn in bibleteek wurke. George en Laura boasken doe't se trije moanne byïnoar wienen. Hja setten har tegearre nei wenjen yn Midlân, dêr't it se yn 1981 in twilling krigen, Jenne en Barbara. Yn 1978 besocht Bush mei te dwaan oan ferkiezings foar it Hûs fan ôffeardigen, mar ferlear fan de demokraat Kent Hance. Bush gie dêrnei wer oan it wurk yn de oalje-yndustry en wurke foar ferskate enerzjybedriuwen. Yn 1986 wie it foar him dien mei de alkohol en lei him ta op it bestudearjen fan de bibel. Yn 1988 ferhuze de famylje Bush nei Washington D.C. om de kampanje om it presidintskip fan syn heit.

Yn 1994 die Bush mei oan de gûverneursferkiezings yn Texas fan 1994. De Republikeinen wienen gau út 'e rie mei it beneamen fan Bush as harren kandidaat foar de gûverneursferkiezings. Syn tsjinkandidaat wie Ann Richards dy't doe al gûvernante wie. Der waard fan útgien dat se ienfâldichwei op 'e nij keazen wurde soe, mar ferlear. Wilens syn tiid as gûverneur ferbettere er de skoallen en werfoarme it juridyske systeem. Wilens syn gûverneurskip hied er mear finzenen deadien as hokker gûverneur dan ek, meiïnoar 152. Bush waard lykwols op 'e nij keazen yn 1998 mei 69% fan de stimmen.

Ferkiezings 2000

bewurkje seksje

Yn 2000 wûn Bush de presidintsferkiezings fan syn Demokratyske tsjinkandidaat Albert Arnold Gore. Der waard grute dat it stimmen yn de steat Florida net earlik ferrûn. Neffens guon soenen der stimmen net-jildich ferklearre wurden wêze omdat de stimmers krimineel wêze soenen. Der waard ek grute dat de stimformulieren yn ien county ûndúdlik wienen, wêrtroch in soad minsken ferkeard stimd hienen, en dat yn oare county's de masines net goed teld hienen. Gore gie nei it Heechgerochtshôf fan Florida en freegje in nije telling oan foar inkeld fjouwer county's (dêr't de kiezers mei wissichheid foar de Demokraten stimme soenen), mar dat stie it Heechgerjochtshôf net ta. De stimmen waarden troch it juridysk krewearjen fan Bush net op 'e nij teld.

 
Bush dwaande mei kampanje foar de presidintsferkiezings (2004)

Fan it Kolleezje fan Kiesmannen yn Florida keazen 271 foar Bush en 266 foar Gore. Neffens Amerikaanske regeljouwing binne de Kolleezjes fan Kiesmannen beskiedend, nettsjindsteande dat de mearderheid fan it folk, in heal miljoen stimmen, foar Al Gore keazen hie.

Ferkiezings 2004

bewurkje seksje

Bush mocht yn 2004 werkeazen wurde foar de Republikeinen. Bush hie as punten foar de kampanje saken as; mear bining mei de oarloggen yn Irak en Afganistan, fernijen fan de USA PATRIOT Act, ferleegjen fan belestingen, oantreklik meitsjen fan edukaasje.

Syn tsjinkandidaat wie John Kerry dy't de kriich tsjin Irak ferheftich bekritisearre. 50.7% fan it folk keas foar Bush en hy waard foar de twadde kear keazen as presidint fan de Feriene Steaten.

Nei 11 septimber 2001 wie George Bush as presidint tige populêr by it folk. Troch de ekonomyske delgong en de twa oarloggen dêr't it lân ûnder syn bewâld yn telâne kaam is er hieltyd minder populêr wurden. Oan de ein fan syn amtstermyn wie er de minst populêre presidint yn de Amerikaanske skiednis.

Bush ûndertekene in wet en ferlege de belesting mei $1.35 triljoen dollar yn 2001. Nei de terroristyske oanslaggen fan 11 septimber 2001 is it te neate meitsjen fan Taliban en Al Kaida, it finzen nimmen fan Osama Bin Laden, in tige wichtige saak foar de Feriene Steaten. Bush sette yn oktober 2001 útein mei de ynvaazje fan Afganistan en de War on Terrorism. Yn 2003 besocht Bush de Feriene Naasjes sûnder súkses te oertsjûgjen fan de massa ferneatigings wapens yn Irak. Yn datselde jier wie de Amerikaanske ynvaazje fan Irak.

Keppeling om utens

bewurkje seksje