Stêd Follenhove is in eardere gemeente yn de Kop fan Oerisel yn de Nederlânske provinsje Oerisel. De gemeente ûntstie yn 1818 doe't de gemeente Follenhove ôfspjalte waard yn Stêd en Amt Follenhove. De gemeente Follenhove waard yn 1811 foarme mei it gearfoegjen fan de stêd Follenhove en it Lân fan Follenhove. De gemeente Stêd Follenhove bestie allinnich út de stêd Follenhove, kreksa as by de sitewaasje fan foar 1811.

Stêd Follenhove
Emblemen
Polityk
Lân Nederlân
provinsje Oerisel
Oar
Stifting 1818-1942
Koördinaten 52° 41' NB, 5° 57' EL
Offisjele webside
www.stadvollenhove.nl
Kaart
Stêd Follenhove (Oerisel)
Stêd Follenhove

Yn 1942 waarden Stêd en Amt Follenhove fannijs gearfoege ta de nije gemeente Follenhove. Yn 1973 waard dy gemeente mei de gemeenten Bloksyl, Giteren en Wanneperfean gearfoege ta de gemeente Brederwiede, dy't yn 2001 mei de gemeenten Iselham en Stienwyk ta de nije fúzjegemeente Stienwikerlân gearfoege waard.

Boargemasters

bewurkje seksje
Amtstiidrek Namme boargemaster Partij of streaming Bysûnderheden
1818-1821 Izaak de Koning wie boargemaster fan de ûnferparte gemeente Follenhove
1821-1838 Gerard Johan Jacobson
1838 mr. Onno Zwier van Sandick waard offisier fan justysje
1839-1841 mr. Hendrik Kronenberg
1841-1845 mr. Willem Jan Carel Putman Cramer hy en al syn opfolgers wiene tagelyk boargemaster fan Amt Follenhove
1845-1851 mr. Jan Arend Godert baron de Vos van Steenwijk
1851-1859 mr. Gerardus Everhardus Vos de Wael
1859-1885 Antonij Johan ten Cate waard boargemaster fan Amt Delden en fan Stêd Delden
1885-1913 Anthony baron Sloet van Oldruitenborgh
1914 C.A. Besier
1914-1924 jhr. Constant Leopold Balthazar Willem van Suchtelen van de Haare
1924-1926 jhr. Henri Beelaerts van Blokland
1926-1940 mr. W.C. ten Kate waard boargemaster fan Goes
1940-1942 mr. Frederik Reinhard Crommelin bleau boargemaster fan de fannijs foarme gemeente Follenhove