Stacey McKenzie (Kingston, 1978?) is in Kanadeesk model fan Jamaikaansk komôf.

Stacey McKenzie

Sy gong yn it Kanadeeske Toronto nei skoalle. De 1,78 meter lange McKenzie wist al betiid dat se model wurde woe en gong mei 17 jier nei New York, dêr't Elite Model it each op har falle liet. Yn 1995 ferhuze hja nei Parys, dêr't se foar ûntwerpers sa as Jean-Paul Gaultier en Christian Lacroix wurke. Dêrnei waard se ynternasjonaal bekend troch in fotokampanje foar Benetton. Fierders die sy modellewurk foar ûnder oaren Tommy Hilfiger, Calvin Klein, Mexx en Reebok.

Sy hie yn 1997 lytse filmrollen yn de Frânske komeedzje Portraits chinois en de sciencefictionfilm The Fifth Element. Yn 1999 presintearre sy de programma's Fashion File en Stylissimo foar MTV Europe en yn 2006 wie se sjuery yn it earste seizoen fan Canada's Next Top Model en gast yn it 7e seizoen fan America's Next Top Model.

Undernimming

bewurkje seksje

McKenzie hat it bedriuw Walk This Way Workshops oprjochte, dat him yn it earstoan rjochte op allerhanne aspekten fan de modelle-yndustry en ûnder oaren in ynspiraasjeboarne foar modellen wêze woe, mar letter ek ornearre wie foar (jonge)lju dy't wurkje wolle oan it fergrutsjen fan harren gefoel fan eigenwearde en dy't mear wis fan harsels wurde wolle. Ek op skoallen hâldt hja sprekbeurten mei as ûnderwerpen selswearde, wis wêze fan jinsels en selsakseptaasje.

Keppeling om utens

bewurkje seksje