Stadsbrouwerij Sneek
Stadsbrouwerij Sneek is in brouwerijhierder yn Snits yn 2018 oprjochte troch Wietse Nieuwenhuis, Cees Vogelvanger en Klaas-Pieter Majoor.
Skiednis
bewurkje seksjeDe brouwerij is oprjochte yn april 2018 ûnder de namme Bierbrouwerij De Waterpoart. Freed 13 july 2018 is it earste bier, it Waterpoartsje, presintearre. Dit bier is broud yn de tsjettels fan Brouwerij Troost yn Amsterdam.
Yn 2019 wurdt it twadde bier Anjenette op de merk brocht. Dit bier is yn gearwurking makke mei Weduwe Joustra en der waard gebrûk makke fan de echte bearenburchkrûden en is broud by Tsjerkebier yn Easterwierrum. Yn 2020 wurdt de namme wizige yn Stadsbrouwerij Sneek.
Yn 2021 wurdt de mikrobrouwerij de Stadsbrouwerij Sneek yn Grand Café De Walrus offisjeel iepene. Hjir wurde nije bieren betocht, makke en preaun. Foar de gruttere batches wurdt gebrûk makke fan de broufasiliteiten fan de Fryske brouwerijen Tsjerkebier en Het Brouwdok.
Hjoed
bewurkje seksjeStadsbrouwerij Sneek is sterk ferbûn oan Stichting 't Waterpoartsje. It missy statement fan ’t Waterpoartsje is: “ ut stimúleren fan plezier en ut fergroaten fan maatskapleke betrokkenheid in ’e Sneker gemeenskap." Der is in klup fan 100 oprjochte (KlupFan100) dy 't ek harren stientsje bydraacht.
Stadsbrouwerij Sneek stipet Stichting 't Waterpoartsje troch fan elk ferkocht fleske 25 sint oan de stichting ôf te dragen.
Assortimint
bewurkje seksje- Waterpoartsje - Mexican Pale Lager
- Stadhouder - Sneker Blond Bier
- Kruizebroeder - Sneker Amber Ale
- Leeuwenburger - Sneker Lager
- Un Gouden I.P.A. - Indiana Pale Ale
- Leeuwenburger - Snitser lager
- De Ambassadeur - Tripel
- Lykfocht (wurdt ferwachte yn 2024)
Broud yn opdracht
- Hemelse Bock - Bock Bier (spesjaal broud foar Irish Pub de Poort van Cleef yn Snits)
- Sneker Dropbier (broud yn gearwurking mei Het Dropwinkeltje yn Snits)
- Filmgoud - Amber (makke foar Filmwinter 2024 fan Filmhuis Sneek)