Tsjerkebier

brouwerij yn it doarp Easterwierrum

Tsjerkebier is in brouwerij yn it doarp Easterwierrum en is oprjochte yn 2018 troch de neven Sipke en Sipko Dotinga. De brouwerij is oansletten by CRAFT.

De misje fan Tsjerkebier is it bliuwend gebrûk fan iuwenâlde tsjerken as 'beakens fan mienskipssin, ienzens en smûkens'. Elts glês stipet dit doel en it foarnimmen fan de brouwers.

De Dotinga's dielden in soad fyzjes oer de ôfnimmende mienskipssin yn de maatskippij, wylst dat it ferlet dêroan ûnfermindere grut is. Tagelyk rekke it yn ûnbrûk reitsjen fan de âlde Fryske tsjerken yn de doarpsmienskippen harren. Men krige de mooglikheid om de ynstallaasjes fan de brouwerij De 7 Deugden yn Amsterdam oer te nimmen. Der waard ûndersocht in brouwerij foar spesjaalbieren te fêstigjen yn in âlde Fryske tsjerke, kombinearre mei in proeflokaal en in sosjale funksje. Mei help en stipe fan de Provinsje Fryslân binne der in soad mooglike lokaasjes besocht en besjoen, mar it fêstigjen fan in brouwerij yn in âlde tsjerke bliek logistyk en operasjoneel in komplekse opjefte te wêzen.

Mids 2017 waard it âlde timmerfabryk fan it doarp Easterwierrum fûn om út ein te setten. Yn de maitiid fan 2018 binne de ynstallaasjes fan út Amsterdam nei Easterwierrum ferhuze en op 1 maaie 2018 binne de Dotinga's úteinset mei it brouwen fan de Tsjerkebieren. De brouwerij is iepene yn 2019.

De brouwerij hat in proeflokaal en der wurde rûnliedings jûn. Tsjerkebier hat ek in webwinkel.

De brouwerij is ek beskikber as hierbrouwerij.

  • Skynhillige - Light
  • Hillich Wetter - Weizenbier
  • Frijsinnige - Boekweit Blond
  • Lichte Preek - Blond
  • Dissipel - Amber Blond
  • Alderling - Dubbel
  • Swiere Dûmny - Tripel
  • Pûstertraper - Quadrupel
  • Kapelaan - Tropische Tripel
  • Kardinaal - Zware Blonde
  • Ingeltsje - Bock
  • Stoute Biskop - Stout
  • Frjemd Apostel - Dubbelbock

Bieren yn opdracht

bewurkje seksje
  • Swiere Brekker - tripel (yn opdracht fan Marren Bier op De Jouwer)
  • Foar Wâldpyk Brouwerij yn Beetstersweach
  • Foar Stadsbrouwerij Sneek yn Snits
  • Andromeda Swier Blond - 3 nôtenbier foar Waddenherberg The Friezinn yn Westhoek
  • De Waaghals foar restaurant De Waag yn Ljouwert
  • De Waaghals Wit foar restaurant De Waag yn Ljouwert
  • Spulwike Bier Blond - jubileumbier 50 jier Spulwike yn de eartiidse gemeente Baarderadeel
  • Forza Bier Amber Blond - foar evenemint Forza fan Stop Energiestofwisselingsziekten fan Stichting Energy4All
  • Ús Wielde Blond - foar Stichting Dorpskerken Lollum en Waaksens, ta behâld fan beide tsjerkgebouwen
  • W.S.S.F.S. Fryske Trypel foar de Wageningsk Studinte Selskip foar Fryske Stúdzje
  • Kop der Foor Quadrupel voor Syls Geluk yn Aldebiltsyl
  • Herryskopper Tripel (Heibel in een flesje) foar twa freonen út Noardeast Fryslân
  • Efeze Blond foar Turks restaurant Efeze yn Ljouwert
  • Foar In de Brouwerij yn Ljouwert:
    • Zaailander Boekweit Blond
    • Zaailander Keller
    • Zaailander Alt
    • Zaailander Klimroos Tripel
  • Rye of Sunshine foar Gulden Triomfator Brewing Company út Uitgeest

Keppeling om utens

bewurkje seksje