69 (sekshâlding)

(Trochferwiisd fan Stantsje 69)

69, njoggenensechstich, stantsje 69 of, mei in Frânsk lienwurd soixante-neuf (útspr.: [swasɔːntˈnœf], likernôch: "swa-sânt-nuf"), wat ek "njoggenensechstich" betsjut, is in sekshâlding foar orale seks. Dêrby geane twa persoanen oerinoar hinne lizzen, wêrby't de holle nei it ûnderlichem fan 'e sekspartner wiist en it gesicht boppe, resp. ûnder de skamstreek fan 'e sekspartner posisjonearre is. Op dy wize kinne beide partners orale seks mei-inoar bedriuwe: fellatio by manlju en kunnilingus by froulju.

In man (ûnder) en in frou (boppe) dy't dwaande binne mei orale seks yn 'e 69-hâlding.

De namme fan dizze sekshâlding komt fan 'e foarm fan 'e sifertekens foar 6 en 9, dy't tsjinsteld oaninoar binne. As men de rûntsjes fan dy tekens sjocht as de holle en de krol as it ûnderlichem, en men leit it sifer 69 op 'e side, dan jout it de sekshâlding mei deselde namme wer. As oantsjutting komt "69" oarspronklik út it Frânsk (dêrfandinne ek it bestean fan "soixante-neuf" as lienwurd yn in protte Westerske talen). De term kin yn it Frânsk teminsten oant yn 'e 1790-er jierren trasearre wurde. De praktyk sels is fansels folle âlder en wurdt ûnder de namme "kowemienskip" al neamd yn 'e Kamasûtra, dy't datearre wurdt fan 'e fjirde iuw f.Kr. ôf.

Ornaris tinkt men by "stantsje 69" oan in man dy't kunnilingus docht by in frou, wylst sy by him mei fellatio dwaande is. Mar der is gjin reden dat it net om twa homo's gean kinne soe dy't inoar fellatio jouwe, of om twa lesbiënnes dy't byinoar mei kunnilingus oan 'e gong binne. Oare fariaasjes op 69 binne dat men behalven mei de mûle ek mei de hân dwaande wêze kin, troch ôf te lûken (by manlju) of te fingerjen (by froulju). Fierders is it ek mooglik om ynstee fan oan fellatio of kunnilingus oan anilingus te dwaan, it troch slikjen seksueel stimulearjen fan 'e anus.

Sjoch ek bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en References, op dizze side.