Kunnilingus is in foarm fan orale seks wêrby't immen de froulike geslachtsdielen fan syn of har sekspartner yn 'e mûle nimt en deroan sûcht, sobbet en/of slikket om seksueel geniet op te wekjen. It giet dêrby almeast om 'e klitoris, de skamlippen en/of de yngong ta de eigentlike fagina. De klitoris is fierwei it gefoelichste part fan 'e froulike geslachtsdielen, en stimulaasje dêrfan kin sadwaande foar seksuele opwining soargje en resultearje yn in orgasme. Kunnilingus stiet yn 'e Fryske sprektaal almeast bekend ûnder de hollanistyske ynterferinsje beffen. Der besteane fierders ferskate komysk bedoelde oantsjuttings foar, lykas "lippetsjinst bewizen" en "tapytfretten", wat ferwiist nei skamhier yn 'e mûle. It "tsjinstelde" fan kunnilingus is fellatio, wêrby't men de penis yn 'e mûle nimt om seksueel geniet op te wekjen.

In frou fiert kunnilingus út by in oare frou.

It wurd "kunnilingus" komt fan it Latynske cunnilingus, dat gearstald is út 'e dielen cunnus ("fagina") en lingua ("tonge").

 
In ofsier fiert kunnilingus út by in dame op in bal, op in ôfbylding troch Achille Devéria.

By kunnilingus nimt immen de geslachtsdielen fan syn of har froulike sekspartner yn 'e mûle. Dat kin sawol dien wurde yn 'e kontekst fan heteroseksualiteit, wêrby't de kunnilingus útfierd wurdt troch in man by in frou, as yn it ramt fan lesbyske homoseksualiteit, wêrby't de fellatio útfierd wurdt troch in frou by in oare frou. De wichtichste reden foar dizze foarm fan orale seks is om seksueel geniet te jaan oan 'e frou dy't it ûndergiet. Kunnilingus kin lykwols ek seksueel opwinend wêze foar dejinge dy't it útfiert.

By kunnilingus wurdt net inkeld de mûle as sadanich brûkt, mar benammen de lippen en de tonge. Der wurdt sûgd, sobbe en/of slikke oan ferskate parten fan 'e froulike geslachtsdielen, yn 'e regel de klitoris, de skamlippen en/of de yngong ta de eigentlike fagina. It stimulearjen op dy wize fan 'e klitoris kin by de frou dy't it ûndergiet foar seksuele opwining soargje en úteinlik resultearje yn in orgasme, mei 't de klitoris fierwie it gefoelichste diel fan 'e froulike skamstreek is.

Guon sekshânliedings riede oan om by kunnilingus te begjinnen mei in sêftere, algemienere stimulaasje fan 'e skamlippen en de hiele skamstreek foar't de fokus stadichoan mear taspitst wurde op 'e klitoris. Neffens de statistiken hat 70 oant 80% fan 'e froulju ferlet fan direkte stimulaasje fan 'e klitoris om in orgasme te berikken. Neffens in wittenskiplik ûndersyk fan 'e Amerikaansk-Dútske seksuologe Shere Hite út 2003 nei dit ûnderwerp kinne de measte froulju folle makliker in orgasme berikke troch kunnilingus as troch faginale geslachtsmienskip, om't by kunnilingus de klitoris direkt stimulearre wurdt, wat by faginale seks faak net it gefal is.

Der bestiet in breed skala oan techniken foar it útfieren fan kunnilingus. Sa kin de punt, boppekant of ûnderkant fan 'e tonge brûkt wurde, mar ek de lippen, de noas, it kin of de foartosken. Bewegings kinne stadich of fluch wêze, hieltyd itselde of ûngeregeld, hurd of sêft, al neigeraden de foarkar fan dejinge dy't de kunnilingus ûndergiet. It is ek mooglik om te reontsjen (Nederlânsk: neuriën), mei't de trillings dy't dêrtroch feroarsake wurde, ek seksueel geniet feroarsaakje kinne.

Kunnilingus wurdt fierders faak kombinearre mei oare foarmen fan seksuele stimilaasje, lykas bgl. troch te wriuwen oer de klitoris of troch de fagina te fingerjen. Guon froulju fine it oangenaam as ynstee dêrfan of tagelyk dêrmei (ek) de anus fingere wurdt. Ek kin ynstee fan sokke hânmjittige stimulaasje in stik seksboartersguod brûkt wurde, lykas in dildo of in fibrator.

Sekshâldings by kunnilingus

bewurkje seksje
 
In In 19e-iuwske ôfbylding fan kunnilingus, troch Édouard-Henri Avril.

Kwa sekshâldings ûnderskiedt men by kunnilingus:

  • De gesichtssit: de frou sit op of hâldt har ûnderliif justjes boppe it gesicht fan har op 'e rêch lizzende partner. Yn dizze posysje hat de frou mear behearsking oer de kunnilingus en kin se de mûle fan har partner nei it plak ta liede dêr't se stimulearre wurde wol. Ek kin se harsels stimulearre troch tsjin it gesicht fan har partner oan te riden.
  • De hûntsjeshâlding: de frou leit op hannen en knibbels, wylst har partner de kunnilingus fan efteren of fan ûnderen ôf útfiert.
  • De misjonarishâlding: de frou leit op har rêch mei de skonken wiid en omheech; har partner leit op 'e búk mei it gesicht tusken har skonken yn. De partner kin ek rjochtop sitte as de frou op in ferhege oerflak leit, lykas in tafel of in bêd (as har partner dan oer de grûn sit).
  • De spreadeagle: de frou leit op 'e rêch mei de skonken wiidút mar plat; har partner leit mei syn gesicht tusken har skonken.
  • Stantsje 69: hjirby lizze de frou en har partner mei de skamstreek yn inoars gesicht. As it in heteroseksuele sitewaasje is, ûndergiet de frou kunnilingus wylst se har partner fellatio jout (wêrby't se syn penis yn 'e mûle nimt om him seksueel geniet te ferskaffen troch dêroan te sûgen, sobjen en slikjen). Giet it om in homoseksuele kontekst, dan fiere de beide froulju kunnilingus út byinoar.
  • Steand: de frou stiet rjochtop mei de skonken wat útinoar, wylst har partner op 'e grûn sit mei it gesicht op krúshichte.

Kunnilingus kin in op himsels steande foarm fan seks wêze, mar faak is it in ûnderdiel fan it foarspul fan faginale seks of anale seks. Yn dat lêste ferbân sil kunnilingus faak ôfwiksele wurde mei anilingus, dat it slikjen fan 'e anus is mei as doel om seksueel geniet op te wekjen. Redens om oan kunnilingus (eventueel mei fellatio foar de manlike partner) te dwaan ynstee fan faginale seks te hawwen, kinne wêze dat de frou net swier reitsje wol, dat se har fammesteat net kwytreitsje mei, of dat faginale seks op dat stuit net mooglik of te ûnoangenaam is foar de frou, bygelyks yn 'e lêste moannen fan it swierwêzen.

It betrachtsjen fan persoanlike hygiêne foar't men oergiet ta it ûndergean fan kunnilingus is wichtich. Minne hygiêne kin liede ta stank en de opheaping yn 'e tearen en fâlden fan 'e fagina fan mikro-residu, lykas plús of bedrûge urine of menstruaal bloed. De oanwêzigens dêrfan sil foar de útfierder fan 'e kunnilingus net oangenaam wêze. Ek it byknippen of hielendal ôfskearen fan it skamhier is wat dat it útfieren fan kunnilingus oangenamer meitsje kin. Dit lêste kin lykwols ek it seksueel geniet fan dejinge dy't it ûndergiet fergrutsje, mei't it skamhier beskôge wurde kin as in gefoelleaze barriêre tusken mûle en geslachtsdielen.

 
In (Westerske) foarstelling fan lesbyske kunnilingus yn in Osmaanske harem, troch Achille Devéria.

Troch kunnilingus kinne seksueel oerdraachbere sykten oerbrocht wurde, lykas klamydia, gonorroe, herpes en AIDS, mar ek it minsklik papillomafirus en ferskate foarmen fan hepatitis. It risiko dêrop is lykwols by alle foarmen fan orale seks oanmerklik leger as by faginale of anale seks. Lju dy't faak of lang kunnilingus jouwe, kinne de ûnderkant fan 'e tonge skansearje en dêr troch de oanhâldende wriuwing by dizze foarm fan seksuele aktiviteit in langwerpige swolm oprinne dy't heaks stiet op 'e lingterjochting fan 'e tonge. Dy oandwaning wurdt 'kunnilingustonge' neamd. It wurdt feroarsake troch it sydlings hinne wer bewegen fan 'e tonge by de ûndertosken lâns.

Legaliteit en oansjen

bewurkje seksje

Yn 'e measte lannen en territoaria binne der gjin wetten dy't spesifyk in ferbod op kunnilingus of op orale seks yn it algemien oplizze. Oer it algemien wurdt kunnilingus troch heteroseksuelen net beskôge as in foarm fan seks dy't de fammesteat fan ien fan 'e dielnimmers beynfloedet, wylst lesbiënnes oer it algemien kunnilingus wol deeglik sjogge as in foarm fan ûntfamming. Yn guon kultueren is kunninlingus in taboe, faak om't it beskôge wurdt as eat ûnreins. Yn 'e Westerske wrâld giet men der yn 'e (heteroseksuele) mainstreamkultuer oer it algemien fan út dat alle praktisearjende lesbiënnes en biseksuele froulju kunnilingus bedriuwe, mar eins is dat net sa. In diel fan dyselden docht dêr net oan, bygelyks om't se it ûnhygiënysk fine of gewoan om't se it net oangenaam fine.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.