Froulikheid

(Trochferwiisd fan Froulike)

Froulikheid of froulikens is in begryp dat in rige skaaimerken, manearen fan hâlden en dragen en maatskiplike rolpatroanen omfiemet dy't tradisjoneel assosjearre wurde mei froulju en famkes. It is in sosjaal konsept, dat ûnderskaat wurde moat fan 'e biologyske definysje fan it froulik geslacht. It tsjinstelde fan froulikheid is manlikheid, mar sawol froulju as manlju kinne skaaimerken fan froulikheid (en manlikheid) fertoane. In man dy't him (tefolle) op froulike wize hâldt en draacht, wurdt wol omskreaun as 'ferweakke' of 'androgyn'. Oarsom, as in famke skaaimerken fan manlikheid fertoant, neamt men har gauris in wyldkat (of tsjintwurdich mei in Ingelsk lienwurd ek wol in tomboy). As in frou sokke skaaimerken fertoant, sprekt men gauris minachtsjend fan in 'manwiif'.

De Berte fan Fenus, fan Sandro Botticelli, út 1486, is in klassike represintaasje fan froulikheid. (Fenus wie in Romeinske goadinne fan 'e leafde, skientme en fruchtberens.)

Hokker eigenskippen en manearen fan hâlden en dragen assosjearre wurde mei froulikheid, ferskilt per kultuer en tiidrek. Wat men yn 'e iene kultuer of perioade tige froulik fynt, kin yn in oare kultuer of perioade as 'ûnfroulik' bestimpele wurde. Itselde is wier oangeande manlikheid. Yn 'e njoggentjinde iuw gou de dandy bgl. as it toanbyld fan manlikheid, wylst dy hjoed de dei as ferweakke (oftewol: fierstente froulik) beskôge wurdt. Eigenskippen dy't yn 'e Westerske wrâld ornaris mei froulikheid ferbûn wurde, binne sêftens, empaty, gefoelichheid en in beskate mjitte fan nederichheid of alteast beskiedenheid.

Dêrnjonken hat froulikheid faak ek in noarmative fysike ynfolling. Yn 'e Westerske kultuer wurdt froulikheid datoangeande oer it algemien ûnder mear assosjearre mei in slank, net oermjitte spierd lichem, mei folle, rûne boarsten, in smelle mul en brede(re) heupen (it saneamde sânrinnerfiguer), en fierders in glêde, ûnskeinde hûd dy't frij is fan hier, útsein op 'e holle, dêr't it hier lang droegen wurdt.

Yn it Westen, dêr't geslachtsidentiteiten yn 'e regel redusearre wurde ta twa geslachtsrollen, spylje ferwachtings oer froulikheid en manlikheid in rol by de ynstânhâlding fan dy geslachtsdichotomy (of binêre geslachtsidentiteit). Feministyske filosofen en teoretisy sjogge yn it konsept 'froulikheid' en de ynfolling dêrfan, de hân fan wat se it patriargaat neame: de elite fan 'e manlike sekse dy't froulju tûzenen jierren op frijwol alle maatskiplike mêden oerhearske en mei opset sin lyts holden hat. Neffens de Amerikaanske feministe Betty Friedan, dy't in wichtige rol spile by de Twadde Feministyske Weach fan 'e 1960-er jierren, wie yn dat ramt ien fan 'e manearen om froulju derûnder te hâlden troch in byld fan froulikheid (en dêrmei fan froulju) te skeppen as eat dat passyf, bernich en ôfhinklik (fan manlju) wie.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.