Stasjon Arnhim Presikhaaf

Stasjon Arnhim Presikhaaf (Ahpr) is in spoarweistasjon yn de Gelderske stêd Arnhim en waard iepene yn 1969 oan de Steatsline A (Arnhim Sintraal - Ljouwert). It stasjon leit oan de noardkant fan de wenwyk Presikhaaf. Fan 1882 oant en mei 1905 stie op 100 meter ôfstân fan dizze lokaasje it stopplak Plattenburg.

Stasjon Arnhim Presikhaaf
station Arnhem Presikhaaf
Stasjon Arnhim Presikhaaf yn 2009
Stasjon Arnhim Presikhaaf yn 2009
lokaasje
lân Nederlân
Provinsje Gelderlân
Gemeente Arnhim
plak Arnhim
adres Eleonorastraat 10
arsjitektuer
stasjonskoade Ahpr
type Trochgongsstasjon
iepening 28 septimber 1969
oare ynformaasje
perrons 2
perronspoaren 2
spoarline Steatsline A
offisjele webside
NS stasjonsynformaasje
kaart
Stasjon Arnhim Presikhaaf (Arnhim)
Stasjon Arnhim Presikhaaf

It stasjon hat gjin stasjonsgebou allinnich in tal abry's en is in echt forinzestasjon. It wurdt brûkt troch studinten fan de HAN hegeskoalle yn Arnhim, de kampus leit op sa 'n fiif minuten rinnen fan dit stasjon, en ynwenners fan de wyk Presikhaaf.

Yn 2007 binne de perrons wat ferbrede en ein 2013 is der in ekstra tagongstrap oanlein oan de kant fan it park.

Treinferbinings

bewurkje seksje
Searje Treintype Rûte Tsjinstroaster
7600 Sprinter (NS) WijchenNimwegenArnhim SintraalArnhim PresikhaafSutfen In healoeretsjinst ried nei 20:00 en op snein net tusken Wijchen en Nimwegen.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: