Stasjon Dimter Colmschate

Stasjon Dimter Colmschate (Dvc) is in spoarweistasjon yn de stêd Dimter yn de provinsje Oerisel en waard iepene yn 1988 oan it spoar fan Dimter nei Almelo, sa'n 700 meter westlik fan it hjoeddeiske stasjon. It stasjon waard yn 1933 sletten en it stasjonsgebou in Standerttype KNLS 3e klasse ûntwurpen troch Karel Hendrik van Brederode waard yn 1938 sloopt, mar op 29 maaie 1989 waard it stasjon op krekt wat oar plak fannijs iepene, en krige doe de namme stasjon Dimter Colmschate. It stasjonsgebou is in typyske foarstêdhalte mei wachtromte en loket, ûntwurpen troch de arsjitekt Hans Bak. Yn it neijier fan 2017 is it twadde stasjonsgebou sloopt om romte te meitsjen foar in ûndertrochgong. Oan de súdkant is yn desimber 2018 boppe de nije ûndertrochgong in grutte stasjonskap pleatst en op 10 july 2019 is it fernijde stasjon offisjeel yn gebrûk naam.

Stasjon Dimter Colmschate
Station Deventer Colmschate
Stasjon Dimter Colmschate yn 2009
Stasjon Dimter Colmschate yn 2009
lokaasje
lân Nederlân
Provinsje Oerisel
Gemeente Dimter
plak Dimter
adres Oostriklaan
koördinaten 52° 15' N, 6° 12' E
arsjitektuer
stasjonskoade Dvc
type KNLS 3e klasse 1e stasjonsgebou
Foarstêdshalte 2e stasjonsgebou
iepening 1 septimber 1888
29 maaie 1989 weriepening
sluting 15 maaie 1933
boujier 1888 1e stasjonsgebou,
1989 2e stasjonsgebou
sloopjier 1938 1e stasjonsgebou
2017 2e stasjonsgebou
arsjitekt 1888
K.H. van Brederode
1e stasjonsgebou
1989
J. Bak
2e stasjonsgebou
oare ynformaasje
perrons 2
perronspoaren 2
spoarline Spoar fan Dimter nei Almelo
offisjele webside
NS stasjonsynformaasje
kaart
Stasjon Dimter Colmschate (Oerisel)
Stasjon Dimter Colmschate

Treinferbinings

bewurkje seksje
Searje Treintype Rûte Tsjinstroaster
7000 Sprinter (NS) ApeldoarnDimterDimter ColmschateAlmeloHengeloYnskedee In healoeretsjinst

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: