Stasjon Fenlo (Vl) is in spoarweistasjon yn de stêd Fenlo yn de provinsje Limburch. It waard iepene yn 1865 oan de Steatsline G (Fenlo - Kaldenkirchen).

Stasjon Fenlo
Station Venlo
Stasjon Fenlo yn 2007
Stasjon Fenlo yn 2007
lokaasje
lân Nederlân
Provinsje Limburch
Gemeente Fenlo
plak Fenlo
adres Stationsplein 3
arsjitektuer
stasjonskoade Vl
type Trochgongstasjon
iepening 21 novimber 1865
boujier 1865 1e stasjonsgebou
1958 2e stasjonsgebou
sloopjier 1958 1e stasjonsgebou
arsjitekt 1865
Karel Hendrik van Brederode
1e stasjonsgebou
1958
Koen van der Gaast
2e stasjonsgebou
monumintale status Gemeentlik monumint
monumintnûmer 0983/3196
oare ynformaasje
perrons 2
perronspoaren 5
spoarline Steatsline E
Steatsline G
Maasline
offisjele webside
NS stasjonsynformaasje
kaart
Stasjon Fenlo (Limburch)
Stasjon Fenlo
 
1e stasjonsgebou stasjon Venlo om en de by 1928

It oarspronklike stasjonsgebou fan Fenlo wie in leech en lang stasjonsgebou, besteande út styl- en regelwurk, opfold mei stien, ôfsmard mei semint. It stie in 300 meter bûten de stêd, om't Fenlo doe noch in fêsting wie en it stasjon ûnder de beheiningen fan de Fêstingwet foel, wie it sa útfierd dat it yn tiden fan kriich gau sloopt wurde kinne soe. It gebou hat der oant 1958 stien.

It stasjonsgebou út 1865 waard ferfongen troch in gebou nei ûntwerp fan arsjitekt Koen van der Gaast en is in typysk weropboustasjon. Opfallende skaaimerken binne de grutte luifel mei dêrûnder in bordes en de 24 meter hege toer mei oerwurk.

Treinferbinings

bewurkje seksje
Searje Treintype Rûte Tsjinstroaster
3500 Intercity (NS) Skiphol AirportUtert SintraalDe BoskEindhoven SintraalHelmondFenlo Wurdt yn de jûnsoeren en sneins ferfongen troch searje 3700.
3700 Intercity (NS) DoardtRotterdam SintraalSkiedam SintrumDelftDe Haach HSLeien SintraalSkiphol AirportAmsterdam SúdUtert-SintraalDe BoskEindhoven SintraalHelmondFenlo Rydt allinnich jûns en sneins. Rydt op wykdagen yn de betide jûn ien rit fan Venlo ôf nei Rotterdam Sintraal en twa ritten fan Dordrecht nei Fenlo, de rest fan de ritten op wykdagen ride allinnich tusken Schiphol Airport en Venlo oer.
13500 Intercity (NS) Eindhoven SintraalHelmondFenlo Rydt allinnich moarns betiid en jûns let as treinsearje 3500 net rydt.
RS 11
32200
Stoptrein (Arriva) NimwegenVenrayFenloRoermond
RS 11
32300
Stoptrein (Arriva) NimwegenVenrayFenlo
RE 13
20050
Regional-Express (ERB) FenloMönchengladbach HbfNeuss HbfDüsseldorf HbfWuppertal HbfHbfStasjon Hamm

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: