Stasjon Halfweg-Zwanenburg
Stasjon Halfweg-Zwanenburg (Hwzb), iepene op 1 jannewaris 1842, is in spoarweistasjon yn it Nederlânske doarp Halfweg yn de gemeente Haarlimmermar yn de provinsje Noard-Hollân. It stasjon leit oan de Alde line (Amsterdam Sintraal - Rotterdam Sintraal)
Stasjon Halfweg-Zwanenburg station Halfweg-Zwanenburg | ||
Stasjon Halfweg-Zwanenburg yn 2012 | ||
lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
Provinsje | Noard-Hollân | |
Gemeente | Haarlimmermar | |
plak | Halfweg | |
adres | Haarlemmerstraatweg 9a | |
arsjitektuer | ||
stasjonskoade | Hwzb | |
iepening | 1 jannewaris 1842 9 desimber 2012 Weriepening | |
sluting | 2 oktober 1927 | |
boujier | 1875 | |
sloopjier | 1941 | |
oare ynformaasje | ||
perrons | 2 | |
perronspoaren | 2 | |
spoarline | Alde line | |
offisjele webside | ||
NS stasjonsynformaasje | ||
kaart | ||
Gebou
bewurkje seksjeIt oarspronklike spoarweistasjon fan Halfweg waard iepene yn 1842, neidat yn dat jier de ferbining Amsterdam Sintraal - Haarlim ree kaam. Yn 1875 krijt it doarp in echt stasjonsgebou, nei't jierrenlang in keet brûkt waard foar de ferkeap fan treinkaartsjes. It ûntwerp is in ferlytse fariant fan de stasjonsgebouwen dy 't de HIJSM yn dyselde perioade ûnder oare yn Weesp en Barneveld boud hat. It ienfâldige rjochthoekige gebou telt twa ferdjippingen. De boppeferdjipping grinzet oan it perron. Yn 1927 waard it stasjon sletten, it gebou waard yn 1941 ôfbrútsen.
Yn 2012 waard it stasjon op 9 desimber weriepene, it nije stasjon is foarsjoen fan twa opfallende griene perronkappen en in ienfâldige brêge mei treppen en liften oer de spoaren en de N200. It stasjon is fierder foarsjoen fan in iepen fytsestalling mei fytsklûzen en in pear parkearplakken. Oant 1927 wie de namme fan it stasjon Halfweg
Treinferbinings
bewurkje seksjeSearje | Treintype | Rûte | Tsjinstroaster |
---|---|---|---|
4800 | Sprinter (NS) | Amsterdam Sintraal – Halfweg-Zwanenburg – Haarlim – Alkmar – Hoarn | Rydt fan 20.00 oere ôf ien kear yn de oere tusken Alkmar en Hoarn. |
5400 | Sprinter (NS) | Amsterdam Sintraal – Halfweg-Zwanenburg – Haarlim – Zandvoort aan Zee | Ryd jûns nei 20:00 en yn it wykein net tusken Amsterdam Sintraal en Haarlim. |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|