Stasjon Helmond Brandevoort
Stasjon Helmond Brandevoort (Hmbv) is in spoarweistasjon yn de stêd Helmond yn de provinsje Noard-Brabân en waard iepene yn 2006 oan de Steatsline E (Breda - Maastricht). It stasjon leit yn de Vinex-wyk Brandevoort yn it dielplan De Veste. It ûntwerp is fan de hân fan arsjitekt Han Lijnkamp, It stasjon bestiet út twa treppehuzen mei liften en in fuotgongersbrêge oer de perrons der tusken yn.
Stasjon Helmond Brandevoort station Helmond Brandevoort | ||
Stasjon Helmond Brandevoort yn 2016 | ||
lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
Provinsje | Noard-Brabân | |
Gemeente | Helmond | |
plak | Helmond | |
adres | Emansgangske 12 | |
arsjitektuer | ||
stasjonskoade | Hmbv | |
type | Trochgongsstasjon | |
iepening | 10 desimber 2006 | |
arsjitekt | Han Lijnkamp | |
oare ynformaasje | ||
perrons | 2 | |
perronspoaren | 2 | |
spoarline | Steatsline E | |
offisjele webside | ||
NS stasjonsynformaasje | ||
kaart | ||
It stasjon waard yn gebrûk naam op 10 desimber 2006, by oanfang fan de tsjinstregeling fan 2007. It stasjon wie doe noch net ree, reizgers koene fan in tydlike brêge gebrûk meitsje om it spoar oer te stekken. Op freed 15 juny 2007 wie it stasjon klear en koe de tydlike brêge fuorthelle wurde.
Treinferbinings
bewurkje seksjeSearje | Treintype | Rûte | Tsjinstroaster |
---|---|---|---|
4400 | Sprinter (NS) | Oss – De Bosk – Eindhoven Sintraal – Helmond Brandevoort – Helmond – Deurne | Wurdt op woansdei - en tongersdeitejûn nei 23:00 oere fan Eindhoven Sintraal nei Deurne ferfongen troch sprinter 14400. |
14400 | Sprinter (NS) | Eindhoven Sintraal – Helmond Brandevoort – Helmond – Deurne | Rydt allinnich op woansdei - en tongersdeitejûn nei 23:00 as ferfanging fan sprinter 4400 en allinnich rjochting Deurne. |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|