Stasjon Maarssen (Mas), iepene op 18 desimber 1843, is in spoarweistasjon yn it Nederlânske doarp Breukelen yn de gemeente Stichtske Fecht yn de provinsje Utert. It stasjon leit oan de Rhijnspoarwei (Amsterdam Sintraal - Elten).

Stasjon Maarssen
station Maarssen
Stasjon Maarssen yn 2007
Stasjon Maarssen yn 2007
lokaasje
lân Nederlân
Provinsje Utert
Gemeente Stichtske Fecht
plak Maarssen
adres Safariweg 32
arsjitektuer
stasjonskoade Mas
iepening 18 desimber 1843
boujier 1890 1e stasjonsgebou
1979 2e stasjonsgebou
sloopjier 1979 1e stasjonsgebou
2003 2e stasjonsgebou
arsjitekt 1890
Arsjitekt ûnbekent
1e stasjonsgebou
1979
C. Douma
2e stasjonsgebou
oare ynformaasje
perrons 1
perronspoaren 2
spoarline Rhijnspoarwei
offisjele webside
NS stasjonsynformaasje
kaart
Stasjon Maarssen (Utert)
Stasjon Maarssen
 
2e stasjonsgebou stasjon Maarssen yn 1981

It oarspronklike spoarweistasjon fan Maarssen waard iepene yn 1890, 47 jier neidat it spoar ree kaam wie. It stasjonsgebou wie bekend as in standerttype Harmelen, it wie yn fan de fjouwer stasjonsgebouwen fan dit type dat ea boud is, de arsjitekt is ûnbekend. It lytse gebou mei puntdak en luifel om it hiele gebou hinne stiet op it eilânperron en befettet allinnich de needsaaklike stasjonsfoarsjenningen. De wenning fan de stasjonsjef komt op in oar plak, yn de buert fan it stasjon.

It stasjonsgebou waard yn 1979 ôfbrútsen en ferfongen troch in nij gebou ek wer op it perron, nei ûntwerp fan arsjitekt Cees Douma. In smel transparant gebouke mei lykas it âlde gebou allinnich de needsaaklike foarsjenningen, as in loket en in wachtromte. It bouwurk hie in kap dy't noch inkelde meters yn it ferlingde fan it gebou trochrûn boppe it perron.

It 2e stasjonsgebou waard yn 2003 sloopt, om plak te meitsjen foar spoarferdûbeling tusken Amsterdam en Utert. Yn 2004 is it fernijde eilânperron klear. It perron is fia in brede brêge ferbûn mei de wyk Maarssenbroek. De brêge sûnder fierdere stasjonsfunksjes is ynboud yn in nij kantoarpân dat njonken it stasjon berne is.

Treinferbinings

bewurkje seksje
Searje Treintype Rûte Tsjinstroaster
7300 Sprinter (NS) BreukelenMaarssenUtert-SintraalDriebergen-ZeistVeenendaal SintrumRhenen
7400 Sprinter (NS) UitgeestSaandamAmsterdam SintraalBreukelenMaarssenUtert SintraalDriebergen-Zeist

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: