Stasjon Warffum (Wfm) is in spoarweistasjon yn it doarp Warffum yn de gemeente It Hegelân yn de provinsje Grinslân. It waard iepene yn 1893 oan it Hegelânspoar fan Sauwerd nei Roodeschool dat yn 2018 trochlutsen waard nei Iemshaven.

Stasjon Warffum
station Warffum
Stasjon Warffum (1910)
Stasjon Warffum (1910)
lokaasje
lân Nederlân
Provinsje Grinslân
Gemeente It Hegelân
plak Warffum
adres Stationsweg
arsjitektuer
stasjonskoade Wfm
type GLS 1e klasse
iepening 16 augustus 1893
boujier 1893 stasjonsgebou
1973 abry
sloopjier 1973 stasjonsgebou
oare ynformaasje
perrons 2
perronspoaren 2
spoarline Hegelânspoar
Stasjon Warffum (1970) mei in Blauwe Ingel treinstel lâns it perron.
Stasjon Warffum (1970) mei in Blauwe Ingel treinstel lâns it perron.
offisjele webside
NS stasjonsynformaasje
kaart
Stasjon Warffum (Grinslân)
Stasjon Warffum

It oarspronklike spoarweistasjon fan Warffum wie in Standerttype GLS 1e klasse, boud yn de jierren njoggentich fan de 19e iuw, en ien fan de fjouwer stasjons dy 't ea fan dit type boud waard. In ienfâldich heech rjochthoekig gebou mei twa ferdjippingen en in souder. It stasjonsgebou waard yn 1973 ôfbrútsen en ferfongen troch in abry.

Treinferbinings

bewurkje seksje
Searje Treintype Rûte Tsjinstroaster
RS 4
37600
Stoptrein (Arriva) GrinsWarffumRoodeschoolEemshaven Fjouwer of fiif treinen deis fan en nei Eemshaven

Sjoch foar it meast aktuele tsjinstroaster op de side fan Arriva.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: